Lytse seachbekken

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Mergellus)
Lytse seachbek

De lytse seachbekken (Mergellus) foarmje in skaai yn de famylje fan de einfûgels. It skaai hat mar ien soarte, de lytse seachbek (Mergellus albellus).

Untwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1758 naam Carolus Linnaeus de lytse seachbek op yn it skaai fan de seachbekken (Mergus). It skaai fan de lytse seachbekken is yn 1840 ynfierd troch Prideaux Selby. It wurdt lykwols ek wol sjoen as ûnderskaai fan de seachbekken.

Yn 2002 die by ûndersiik bliken dat de kapeseachbek (Lophodytes cucullatus) nauwer besibbe is oan de lytse seachbek as dy beiden besibbe binne oan de seachbekken. It is dêrom 1 desimber 2003 útsteld dy twa monotypyske skaaien, Mergellus en Lophodytes, gear te foegjen ta ien skaai, bûten de Seachbekken.

Klassifikaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]