Mento

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Mento is in oan de ein fan de 19e ieu op Jamaika út folksmuzyk ûntstiene muzykstreaming.

Mento, faak betize mei kalipso, is ûntstien op it plattelân fan Jamaika. De betide mento muzikanten brûkten meastentiids eigenmakke ynstruminten lykas saksofoans of klarinetten fan bamboe, banjo's, en in grut ferskaat oan ritmyske ynstruminten. De harmoanika en ferskate fluiten makken ek diel út fan de betide ynstrumintaasje. Mento is in sjênre mei in soad gesichten: it waard spile op brulloften oant begraffenissen ta.

Yn de 20-er jierren fan de 20e ieu waarden de earste opnames fan dizze muzykstyl makke troch jazzbands. Yn de 50-er jierren soe mento op Jamaika de meast populêre muzyk wurde.

Mento begûn as typyske plattelânsmuzyk mar waard letter ek yn de stêden omearme. De eigenmakke ynstruminten waarden ferfongen troch profesjonele en ûnder ynfloed fan jazz ûnstiene mento-selskippen dy't spilen yn in wat glêdere dûns-band-styl.

Oan it begjin fan 60-er jierren soe ûnder ynfloed fan benammen rhythm and blues út mento de moderner klinkende ska muzyk ûntstean en rekke mento geandewei mear op de eftergrûn.