Mensje van Keulen

Ut Wikipedy
Mensje van Keulen yn 1983

Mensje van Keulen, skûlnamme fan Mensje Francina van der Steen, (De Haach, 10 juny 1946) is in Nederlânsk skriuwster.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Keulen har debútroman Bleekers Zomer waard tige priizge en joech har fuortendaliks in plak ûnder de literêre auteurs. Earder wie se, fan 1970 oant 1972, redakteur fan it studintewykblêd Propria Cures, neist ferhalen skreau hja doe ek al gedichten, ûnder de skûlnamme Josien Meloen. Letter siet sy mei ûnder oaren Gerrit Komrij, Theo Sontrop en Martin Ros jierrenlang yn de redaksje fan it literêre tydskrift Maatstaf.

Mensje van Keulen hat teffens in tal berneboeken skreaun.

By de Europeeske ferkiezingen 2004, de Twadde Keamerferkiezingen 2006 en ek dy fan 2014, 2017 en 2021 wie sy listtriuwer fan de Partij voor de Dieren.

Persoanlik[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sy hat troud west mei fotograaf Lon van Keulen, mei wa't sy in soan hat. [1] Wilens hat Van Keulen al jierren in relaasje mei Roel Hazewindus.

Van Keulen is goefreon fan skriuwer Maarten 't Hart; oer him en syn foarleafde foar travesty giet it boek Geheime dame.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(b = berneboek)

  • Bleekers Zomer, debútroman - 1972
  • Allemaal tranen, ferhalebondel - 1972
  • Pension - 1974
  • Van Lieverlede, roman – 1975
  • Lotgevallen, balladen – 1977
  • Trucjes - 1977 (ûnder pseudonym Constant P. Cavalry)
  • De avonturen van Anna Molino – 1979
  • Uit de oude poepdoos – 1980 (ûnder pseudonym Josien Meloen)
  • Overspel - 1982
  • De Ketting – 1983
  • Tommie Station – 1985 (b) (sulveren griffel)
  • Je eerste jaar - 1986
  • Polle de orgeljongen - 1987 (b)
  • Engelbert – 1987
  • Vrienden van de maan - 1989 (b) (Nynke fan Hichtumpriis)
  • Van Aap tot Zet, gedichten - 1990 (b)
  • De lach van Schreck - 1991 (sjoch ek Max Schreck
  • Geheime Dame – 1992
  • Meneer Ratti - 1992 (k)
  • Snottebel Lies, gedichten - 1994 (b)
  • De rode strik, roman – 1994
  • Pas op voor Bez - 1996 (b)
  • Olifanten op een web; autobiografyske roman, skreaun nei it ferstjerren fan har mem - 1997
  • Het vroege werk, heruitgave van werk uit de jaren zeventig – 2000
  • Donkere Dagen – 2000
  • Tien stoute katjes, ôftelfers - 2000 (b)
  • De gelukkige, roman – 2001
  • De dames en de bal - 2002
  • Het andere gezicht, ferhalen – 2003
  • Het blauw van de Monnikskap – 2003
  • Een opmerkelijk portret - 2003
  • Titus raakt zoek - 2004 (b)
  • Enige dagen - 2005
  • Alle dagen laat, deiboek 1976 - 2006
  • De laatste gasten - 2007
  • De schriften wachten - 2008
  • Een goed verhaal - 2009
  • Bobbie - 2009
  • De Verhalen - 2011
  • Liefde heeft geen hersens - 2012
  • Schoppenvrouw - 2016
  • Neerslag van een huwelijk. Dagboek 1977-1979 - 2018
  • Ik moet u echt iets zeggen (ferhalen) - 2020

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mensje van Keulen hat ferskate literêre prizen krigen. Ek is sy in pear kear nominearre foar in priis:

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.mensjevankeulen.nl/interviews.htm