Membranofoanen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Membranofoanen binne muzykynstruminten dêr't it lûd op makke wurdt troch in spand fel membraan ta triljen te bringen. Se foarmje ien fan de fjouwer oarspronklike groepen yn de klassifikaasje fan muzykynstruminten troch Hornbostel-Sachs. It triljen kin feroarsake wurde troch:

  • slaan op trommels mei in stôk of mei de hân; dat is fierwei de grutste groep.
  • wriuwen of striken, lykas op in foekepot.
  • sjongen of blazen op mirlitons, lykas de kazoe.
Chladni-patroanen op in fjouwerkante plaat.

De trillingspatroanen yn in membraan binne Chladni-patroanen