Meindert Talma

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Meindert Talma

Meindert Talma, ( Surhústerfean, 2 novimber 1968 ), is popmuzikant en skriuwer aktyf yn de Grinzer muzykwrâld. Hy is ek ôfstudearre histoarikus.

Talma hat oan't no ta tige produktyf west: yn in tiidsbestek fan 7 jier ferskynden 5 CD's, twa romans en in boek mei fraachpetearen. Yn syn persoanlike teksten, faak fol mei selsspot, brûkt Talma sawol it Frysk as it Nederlânsk. Syn muzikale ynfloeden binne divers. De New Wave út it begjin fan de 80-er jierren is dúdlik werkenber yn guon fan syn nûmers, mar ek Lou Reed hat grutte yndruk op him makke. Meindert Talma is sûnt 1997 foaroanman fan de freoneband Meindert Talma & The Negroes. Hy is fierder aktyf as redakteur fan it Fryske tydskrift De Blauwe Fedde en kollumnist foar ûnder oaren de Ljouwerter Krante dêr't syn bydragen ferskynden ûnder de titel Talma Tikt.

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

  • Dammen met ome Hajo, 1999, roman
  • De Blauwe Fedde yn petear (tegearre mei Nyk de Vries), 2001, samling fraachpetearen
  • Kriebelvisje, 2003, roman
  • Laat het orgel jammeren, 2011, poësij

Diskografy[bewurkje seksje | edit source]

  • 30 jaar Muzikale Fruitmand, 1995, Single (fynyl)
  • Hondert punten, 1997
  • Ferhûddûker, 1998
  • Dammen met ome Hajo, 1999
  • Leave Stumper, 2001
  • Kriebelvisje, 2003
  • Meindert Talma & The Negroes, 2005
  • Nu geloof ik wat er in de Bijbel staat, 2007
  • Tamango, 2009, (Film (DVD) en CD)
  • De zee roept, 2011 (by in fotoboek fan Tryntsje Nauta)
  • Eenmaal Oranje, 2012. Album
  • Kelderkoorts 2013. Soloalbum mei bydragen fan Ausputzer en de Snakkers

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]