Meidogger oerlis:Geoffrey

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

argyf1, argyf 2

Ofbylden wiskje[bewurkje seksje | edit source]

Jo woenen witte wat de behearders dwaan moatte mei ôfbylden dy't ek op Commons steane. De behearders moatte dêr mei dwaan wat de mienskip wol. Jo soenen ris freegje kinne hoe't de lju der no oer tinke.

(Yn spesjaal dit gefal binne der kopyen dy't in oare lisinsje hawwe as de orizjinelen. Iksels kin dy twa lisinsjes better as dat ik dêr oan komme soe, útsein ik kin persys oanwize wêrom dat dy feroarings legaal binne.) Aliter 27 mrt 2010, 23.15 (CET), Aliter 4 apr 2010, 22.41 (CEST)

Ynfoboks eilannen[bewurkje seksje | edit source]

Bêste Geoffrey,

Ik sjoch op de side Borneo datsto in ynfoboks brûke hast/woest. Ik koe gjin ynfoboks foar de eilannen fine. Sille wy dat berjocht mar fuorthelje, of meitsje wy dy ynfoboks beskikber op ús Wikipedy? Ik kin dy wol helpe asto wolst. Groetnis --Kening Aldgilles 7 apr 2010, 21.51 (CEST)

It is lang lyn dat ik dy side oanmakke ha, doch mar wat sto it bêste ta liket. Gr. --Geoffrey 7 apr 2010, 22.01 (CEST)

Mormoanen[bewurkje seksje | edit source]

It is wol yn oarder, mar der koe noch by wat der fan de splitsing wurden is: hokfoar tûke dit is, en wat der bart is mei de oare. Aliter 25 apr 2010, 21.15 (CEST)

Wat it artikel oanbelanget bin ik fral oersetter, fierders wit ik net folle der fan ôf. --Geoffrey 26 apr 2010, 20.55 (CEST)
René Goscinny‎;

Wiskje[bewurkje seksje | edit source]

Ja, dat is in protte wurk. Mar it is moai dat jo de beslissing nimme wol ta it wiskjen fan siden; ik hie al sein, ik doch net mear oan de beslissings, mar immen sil it dwaan moatte.

Oant no ta funksjonearre de side sa:

Foar:
List fan siden dy't net wiske binne
-
List fan siden dy't nei 15 dagen (of mear) wiske wurde sille
1e side
2e side
3e side
List fan siden dy't der noch mar in pear dagen steane
4e side
5e side
6e side
Protte wurk.
Nei:
List fan siden dy't net wiske binne
2e side, om't jo besletten hawwe dat dy (noch) net wiske wurdt.
List fan siden dy't nei 15 dagen (of mear) wiske wurde sille
4e side
5e side
6e side
List fan siden dy't der noch mar in pear dagen steane
-

Op dy manear bliuwt der net in wâld fan reade keppelings oer.

Mar it kin ek oars, fansels. Aliter 27 apr 2010, 01.57 (CEST)

Ofbylden[bewurkje seksje | edit source]

Der hat wat oerlis west op de Wikipedy:Oerlisside. At dat noch gjin beslissing jout soenen jo de mûglikheden dy't dêr neamd wurde op in rychje sette kinne en dan freegje hokker de kar hat. Aliter 27 apr 2010, 01.57 (CEST)

Ik gjin mei net dwaande hâlden mei de ôfbylden. Ik fyn dat ûnsin en jout allinnich mar in soad wurk. Der binne hjir wol wichtiger dingen om te dwaan. Miskyn dat wy de ôfbylden op in aparte side stâlje kinne en dat ien him yn de takomst der mei dwaande hâlde wol. --Geoffrey 27 apr 2010, 09.27 (CEST)

Japan[bewurkje seksje | edit source]

Jûn,

Ik fyn it bêst datsto de siden Japan en Skiednis fan Japan útwreidest en ferbetterest. Hoechst my inkeld te freegjen asto grutte stikken tekst fan my fuorthellest. Gr.--Kening Aldgilles 15 jun 2010, 21.40 (CEST)

Hallo, good ~morning![bewurkje seksje | edit source]

Sorry to bother you, I apologize sincerely I don't speak your language so I hope you'll forgive me for using English. My name is Claudi Balaguer (User Capsot from the Catalan and Occitan Wikipedias) and I'm currently working on a campaign to help our association "Amical de la Viquipèdia" in order to be accepted as a Chapter (an intermediate superstructure between the Wikimedia Foundation and the Wikipedias), demand which hasn't been accepted until now because Catalan is not a state language. I think you understand very well what it is to speak a minorized language , to strive to protect and preserve it and I hope you will think our cause is just since it might open the door to all the minorized or stateless languages which can't currently apply for a Chapter even though they might be organized and working hard! In order to support us, you can paste the following template Wikimedia CAT in your userpage and/or sign the link of the template. Thanks again for your attention, I wish you a pleasant, sunny and warm summertime, take care, Capsot 27 jun 2010, 12.05 (CEST)

Tige tank[bewurkje seksje | edit source]

Jûn Geoffrey, tige tank foar it oanmeitsjen fan it Skûtsjeberjocht. It wurket goed, no noch sjen oft alle foto's binnen komme. Groetnis, --Swarte Kees 19 jul 2010, 23.13 (CEST)

Graach dien. --Geoffrey 19 jul 2010, 23.17 (CEST)

Douwe Symen Algra[bewurkje seksje | edit source]

De krekte namme fan it artikel is my ûntgien, mar doe't ik nei it bewurkjen fan de side Douwe Algra noch wat trochsneupte, lies ik dat 'Fersetstriders út de Twadde Wâldkriich' of soks sawat, wiske wurde soe. Dat soe wêze omdat 'eltsenien' ... ?

Der is net allinnich in soad belibbe yn de oarlochstiid, mar it is ek rejaal beskrean, bgl troch de ferneamde fersetsstrider en publisist 'Geale' Pyter Wybenga en troch de folle jongere Kerst Huisman. De lêste, in âld-Tynjester, hat oer dy fersetshurd en in man as Douwe (Symen) Algra - dy tekene alyd mei D.S. Algra - op 'e tekst west yn 'Slits en roggeprip'. Dit is mar in foarbyld. Sa binne der folle, folle mear. As Wikipedy dêr de siden foar slute soe, doocht der wat net.

Ik sil it wol net goed begrepen hawwe. Mar hoe sit it no al? Fr. gr. Fyntyn 31 jul 2010, 21.20 (CEST)

East-Bergysk[bewurkje seksje | edit source]

Hielen tank! Groentis --Hardcore-Mike 17 aug 2010, 21.50 (CEST)

Portaal:Prehistoarje[bewurkje seksje | edit source]

Tige bêste Geoffrey,

Ik ha it portaal Prehistoarje sa ynienen feroare. Do hast in protte wurk hân fan it oersetten en ik ha der tankber gebrûk fan makke by it meitsjen fan in nije opset. Ik hoopje net datsto it slim fynst dat ik it temaportaal sûnder oerlis feroare ha. Ik hoopje sels datsto it moai fynst. Marrr... Asto it neat fynst meisto it portaal wol werom sette nei de foarlêste ferzje. Ik ha in kopy ûnder myn meidoggerside bewarre.

Ik sil fuortdaalk mar sizze wat my net noaske oan it âlde portaal:

  • It wie noch net ôf.
  • De opbou fûn ik betiizjend. No kin de lêzer wat better syn ynfo fine.
  • It soe hiel aardich wêze at wy ien opset hâlde foar ús portalen.

Lit mar witte watsto derfan fynst. Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 18 aug 2010, 20.42 (CEST)

P.S. Hasto noch belang by mear portalen? Mei hast 17.000 siden soe soks doch mooglik wêze moatte...

Ach ja sa giet it dan. Ien makket wat en in oar giet der wer fierder mei. En dat moat wy hjir foaral sa hâlde. Ik kin my wol fine yn dyn beswieren. De side wie 1:1 in oersetting fan nl en op nl binne se folle fierder dan wy binne. Dit past folle better by ús. Gr. --Geoffrey 18 aug 2010, 22.00 (CEST)
Op it stuit soe ik net witte hokke portalen noch mear noadich binne.

Nije haadside[bewurkje seksje | edit source]

Goeie Geoffrey. Lestendeis bin ik wer dwaande west mei in foarbyldhaadside, om sadwaande in 'Byld fan de Wike' derop te krijen. Ik haw de opbou krekt wat oars as jo. No bin ik der aardich yn slagge om mei help fan jo haadside en it berjocht 'Ensyklopedy' dy't jo oanmakke hienen in knappe haadside yn elkoar te frutseljen. No sit ik inkeld noch mei inkele lytse dinkjes. Bygelyks it kopke 'ensyklopedy' rjocht by my stiet krekt wat leger as it kopke 'Side fan de Wike', wylst dat op like hichte stean moat.

Soen jo der ris nei sjen wolle? De side is hjir te finen. Tige tank.J'88 29 sep 2010, 13.36 (CEST)

Hoi J, dreech putsje, ik sit net sa bot mear yn dizze matearje. Kinst ek Teun of Aliter freegje, al komme dy net sa faak mear del. Aliter hat de haadside op myn meidoggerside noch ferbettere. Soest dizze ek wer kopiearre kinne nei dyn eigen om dan nei eigen winsk fjirder oan te wurkjen. Miskien datsto der dan wol yn slaggest. Gr. --Geoffrey 29 sep 2010, 14.39 (CEST)
Goeie G. Nei it lêzen fan jo reaksje haw ik jo side mar kopiearre. No stiet alles al op like hichte! Skitterend. Ik sil Teun of Aliter noch ris freechje foar de lêste lytse dinkjes. Tank en groetnis.J'88 30 sep 2010, 09.34 (CEST)

Berjocht:Sportevenemint[bewurkje seksje | edit source]

Bêste Geoffrey,

Tige Tank foar dizze Ynfoboks. Spittig genoch wurket er noch net. Mar ik bin der no al bliid mei. Ik wachtsje rêstich ôf oant er al wurket. Mei Freonlike Groetnis Wikiice 30 sep 2010, 08.24 (CEST)

Nije haadside[bewurkje seksje | edit source]

Goeie,

Ik ha in konsept makke foar de nije haadside. Sjoch hjir mar. Miskien fynsto myn konsept prachtich moai, miskien hasto in folslein oare miening. Graach de oerlisside (kopke 'Nije haadside') brûke foar diskusjes, fragen en opmerkingen. Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 9 okt 2010, 20.51 (CEST)

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Goeie Geoffrey. Yn de kategory wurk steane in stik as wat siden fan jo hân dy't noch net hielendal klear binne. Soene jo derris nei sjen wolle? Tige tank. J'88 18 okt 2010, 13.58 (CEST)

Ja ik wit it, mar ha eefkes gjin noch der oan. --Geoffrey 18 okt 2010, 20.32 (CEST)
Dat kin. Haw ik ek wolris. Tink, wiis jo der efkes op. Groetnis. J'88 18 okt 2010, 22.02 (CEST)

Berjocht:BDI[bewurkje seksje | edit source]

Bêste Geoffrey,

Hja hiene ien berjocht tefolle fuortsmiten. Allinne Berjocht:BDN stie op de Wisklist.
Ik ha Berjocht BDI mar wer op 'e nei oanmakke

Gr, Wikiice 18 okt 2010, 21.21 (CEST)

Sorry dat hie ik net yn 'e gaten--Geoffrey 18 okt 2010, 21.22 (CEST)

Spaanske gryp[bewurkje seksje | edit source]

Goeie Geoffrey. Ik haw de side oer de Spaanske gryp oanmakke. No haw ik de side mens-en-gezondheid.infonu.nl as boarne brûkt, mear it spamfilter wol dy webside net lije. Soene jo derris nei sjen wolle? Ik tink dat de side op de list fan spamsiden stiet. Tige tank. J'88 4 nov 2010, 14.32 (CET)

Ik wit net hoe dat kin. Sokke dingen kinst better oan Aliter freegje of kening Aldgillis. --Geoffrey 4 nov 2010, 21.57 (CET)

Net te wisken siden[bewurkje seksje | edit source]

Hallo, Ja, ik bin wol by steat om siden fan de list ôf te heljen, mar faak steane dy der net iens op ek al stiet der in wikswarskôging, dat ik achtsje der net altiten op. En it past ek better at ik dy beoardieling oan oaren oer lit. At dy fine dat it goed genôch is dat mei de side bliuwe: oars kin er wol fuort. At ik sels dejinge bin dy't it wurk dien hat kin ik der eins net sels it oardiel oer jaan.

Ik nim oars oan datsto ek sels sjochst nei de siden dy't nominearre binne; datst net alles samar fuortsmytst. Mysha

Ik sil goed omtinke --Geoffrey 22 nov 2010, 18.09 (CET)

Nije ynfoboks![bewurkje seksje | edit source]

Ha goeie!

Ik ha no wer wat moais makke, in ynfoboks foar militêre konflikten. Do skriuwst of bewurkest wol gauris in side dy't mei skiednis te krijen hat, dat sadwaande skriuw ik dy persoanlik. By de neikommende siden kinsto de ynfoboks fine: Slach by Waterloo, Slach om Stalingrad, Ardennenoffensyf. Ik hoopje datst der wat mei kinst. Groetnis --Kening Aldgilles 8 des 2010, 17.16 (CET)

De ynfoboks sa lang asto mar wolst. Sjoch mar by de side Slach by Warns en de Slach by Keulen. Do kinst beskate ynfo weilitte en dêrtroch wurdt de ynfoboks fansels koarter. It berjocht wurdt yn ferskate Wiky's brûkt, dat do kinst samar berjochten oernimme út de Ingelsk of oarstalige Wiky's. By de side fan de Slach by Waterloo kin it wêze dat de ynfoboks net te grut is, mar de side te beheind. Hawar, soks is fansels subjektyf. Groetnis --Kening Aldgilles 9 des 2010, 11.56 (CET)

Side fan de Wike 2011[bewurkje seksje | edit source]

Goeie G! Ik haw foar Drees keazen omdat dat in moaie side is mei in soad ynformaasje. Mar fiel jo frij om it berjocht foar dy wike oan te passen fansels! Ik bin al fan miening, mei jo tink ik, dat der net in soad Fryske siden as Side fan de Wike oanmeld steane foar it takomme jier. Dêr soe neffens my noch wol wat feroaring yn komme meie. Yn it nije jier sil ik besykje om in side oan te meitsjen wêrop, nei oerlis tusken de meidoggers, stjerartikels te stean komme. Nei de âlde diskusje fan in jier lyn: Wikipedy:Oerlisside#Stjerartikel. Groetnis en ferfêst noflike krystdagen. J'88 23 des 2010, 17.00 (CET)

Side fan de Wike 2011[bewurkje seksje | edit source]

Bêste Geoffrey,

In goede fraach dêr't in goed antwurd op komme moat. Ik ha de haadside efkes neisjoen, mar sa't it no liket sil de list fan 2010 fannijs brûkt wurde. Der stiet dus altyd wol wat op de haadside. Ik fyn it idee fan in nije list foar 2011 hartstikkene goed, en soks moat fansels sa gau mooglik nei de jierwiksel dien wurde. As ik 1 jannewaris miskien noch heal yn 'e sûs lis te sliepen kinsto de haadside ek feroarje (do hast ek beheardersrjochten). Sjoen nei dyn fraach sil ik dus efkes fertelle moatte hoe't soks moat. It is samar klear:

  1. Gean nei berjocht Berjocht:Haadside-midden
  2. Klik wizigje
  3. Sjoch nei sin tsien, dêr stiet it folgjende {{Side fan de wike/wike {{CURRENTWEEK}}}}
  4. Feroarje dat yn {{Side fan de wike 2011/wike {{CURRENTWEEK}}}}
  5. Klik 'Fêstlizze' en de haadside is klear foar 2011

Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 25 des 2010, 16.49 (CET)

Siden wiskje[bewurkje seksje | edit source]

Sil ik tenei dwaan. De bêste winsken foar 2011. Drewes 1 jan 2011, 14.38 (CET)

Topside[bewurkje seksje | edit source]

Goeijûn. Yn 2011 sille wy it plan wer oppakke foar de stjerartikels, topside neamd op ús wikipedy. Earder is de side wikipedy:topside al oanmakke, wêr't alle topside bymekoar te stean komme. Hjoed haw ik de side wikipedy:kandidaatsiden makke, hjir kin troch de meidoggers stimd wurde oer of't in side al as net de namme 'topside' fertsjinnet. Graach soe ik fan jo hearre wat jo tinke fan it plan en of't der noch op- en oanmerkings binne. Jo kinne jo kommentaar hjir spuie. J'88 3 jan 2011, 20.56 (CET)

Disclaimer medyske side[bewurkje seksje | edit source]

Goejûn,

Ik seach datsto hjoed dwaande wiest mei siden oer sykten. Soesto tenei de disclaimer {{Disclaimer medyske side}} foar medyske siden brûke wolle? Tank yn 't foar. --Kening Aldgilles 18 apr 2011, 00.40 (CEST)

212.178.88.146[bewurkje seksje | edit source]

Goeie Geoffrey,

'Meidogger' 212.178.88.146 is al wiken oan't klieren en is offisjeel warskôge foar fandalisme. Soene jo dêr wat oan dwaan wolle? Groetnis, Drewes 27 apr 2011, 12.39 (CEST)

foarfêst útsletten, dizze kin net hieltyd mear oerlêst dwaan --Geoffrey 27 apr 2011, 13.44 (CEST)
Tige tank. Drewes 27 apr 2011, 14.24 (CEST)
Tank hjirfoar :-) Geoffrey Wikiice 27 apr 2011, 16.25 (CEST)

Side wiskje[bewurkje seksje | edit source]

Bêste Geoffrey,

Wat is ornearre mei 'list ôfsletten' op Wikipedy:Siden wiskje? Gr. --Kening Aldgilles 17 jun 2011, 12.53 (CEST)

Wat hâldt dyn fraach krekt yn Aldgilles? --Geoffrey 17 jun 2011, 18.24 (CEST)

Roelof Bouwmeester[bewurkje seksje | edit source]

Dei Geoffrey, niis seach ik dat jo in stik oer Roelof Bouwmeester weihelle hawwe. Giet it hjir om in fersin?--Swarte Kees 21 jun 2011, 21.16 (CEST)

Goeiejûn Geoffrey ek ik soe graag witte wolle wêrom as jo de boarne en de kategory fuorthelle ha? Wikiice 21 jun 2011, 21.49 (CEST)
Ik bin yndied oan it kloaien west, dat haw ik net my opset dien. Ik ha sjoen dat jim myn flater al wer hesteld hawwe. Gr. --Geoffrey 22 jun 2011, 20.20 (CEST)

Ynterwiky jiertallen[bewurkje seksje | edit source]

Goeiedei, soene jo by de jiertallen ek de ynterwiky del sette wolle? Tige tank! Groetnis fan MeinRei 10 jul 2011, 17.04 (CEST)

Alles op syn tiid, ik doch earst de berjochten en as dat klear is bin ik fan doel ynformaasje oer te setten, dan set ik fuort op :nl of :en in ferwizing nei :fy en dan gean de yw fansels. Meist ek meihelpe. Ik beheind myn putsje ta de 1e ieu f. Kr. Gr. --Geoffrey 10 jul 2011, 17.13 (CEST)

Tema:Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Bêste Geoffrey,

Ik ha besocht in nije Temaside: Skiednis te meitsjen. Hoe liket dy dat? Hasto noch wat mear algemiene skiedkundige begripen? Miskien noch oare oanfollings/opmerkings? Ideeën foar de 'siden fan de moanne'? Groetnis --Kening Aldgilles 24 sep 2011, 02.03 (CEST)

Moai dien, sjocht der goed út en it liket my wol aardich folslein ta. Ik ha wol wat ideeën. Gr. --Geoffrey 24 sep 2011, 16.18 (CEST)
Sis it mar, ik bin benijd. Do meist de 'Side fan de moanne' sels ek betinke. Kin ik dizze testside al offisjeel meitsje? Groetnis --Kening Aldgilles 24 sep 2011, 22.01 (CEST)
Ja hear, it is wer in hiele ferbettering. --Geoffrey 24 sep 2011, 23.03 (CEST)

Tema:Skiednis fan Fryslân[bewurkje seksje | edit source]

Bêste Geoffrey,

Ik ha efkes wat ompield mei dyn idee. Dit soe it earste resultaat wêze, mar ik fyn it noch net echt in ferbettering. Ik ha ek noch mei dizze dwaande west, mar ik bin noch net hielendal wis oer de opset. Miskien fynsto it sa wol goed of miskien hasto sels noch ideeën? Opset/ynhâld, alle ideeën binne tige wolkom. Groetnis --Kening Aldgilles 28 sep 2011, 22.44 (CEST)

In side fan de moanne sil der grif ek by komme. Ik tink dat ik ynkoarten noch efkes mei test2 dwaande sil om sa in wat better en moaier oersjoch te krijen. Oer de algemiene temaside skiednis bin ik bêst tefreden, mar mei dizze bin ik dat noch net sa. Ik wol dochs wat gruttere boksen mei wat mear ynformaasje, tink ik. Dat is by de algemiene temaside skiednis ek sa. Mar efkes sjen. Groetnis --Kening Aldgilles 28 sep 2011, 22.54 (CEST)
Ja, ik tink wol dat ik dêr wat mei dwaan kinne soe. Groetnis --Kening Aldgilles 28 sep 2011, 23.05 (CEST)
Us nije temaside is no nei foaren ta helle. Wat fynsto derfan? Ik ha ien side fan de moanne klear. Ik tocht datsto it wol in aardichheid fine soest om dy oare moannen te dwaan. Groetnis --Kening Aldgilles 2 okt 2011, 18.10 (CEST)
Op it earste sjoch liket it my aardich folslein ta en haw der ik gjin problemen mei om de oare moannen te dwaan. --Geoffrey 2 okt 2011, 20.54 (CEST)

Skiednis fan Fryslân / Slach by Laaksum[bewurkje seksje | edit source]

Bêste Geoffrey,

Dyn wurk oer de Slach by Laaksum mei der wol wêze! Ik wist net dat der safolle ynformaasje oer wie. Hasto der sels ûndersyk nei dien? Ik ha fuort in keppeling makke fan de Skiednis fan Fryslân nei it artikel. Ik siet sels ek al wat te tinken om dizze side te skriuwen, foaral omdat de side in wichtige skeakel is. Yn it artikel wurdt de oergong fan Fryske frijheid nei Saksentiid hiel goed dúdlik. Ik ha sels noch in pear rigeltsjes tafoege oan de side. Yn de jierren dêrnei skynt der noch wol wat ferset west te hawwen tsjin it nije bestjoer. Yn 1500 wienen de Stellingwerven de lêste lânstreek dy't ûnder it sintrale bestjoer kaam. Hoe't dat no krekt gien is wit ik net. Soe wol moai wêze as wy dat ferhaal hjir hieltyd dúdliker omskriuwe kinne. Groetnis --Kening Aldgilles 3 okt 2011, 22.46 (CEST)

Ik ha gjin eigen ûndersyk dien, mar haw in aardich artikel fûn [[1] en in frij resinte skripsje oer de Grutte Fryske oarloch [2], dêr't ik brûkbere ynformaasje út wei helje koe. --Geoffrey 4 okt 2011, 21.39 (CEST)

Siden Wiskje[bewurkje seksje | edit source]

Goeiemoarn Geoffrey,

Wanear wurde de siden wiske dy't op de list Siden dy't neamd binne om wiske te wurden steane? Der steane no al fanôf 12 july siden op dy list te wachtsjen om wiske te wurden. groetnis Wikiice 17 okt 2011, 08.04 (CEST)

Dat is yndied al wer lang lyn. Ik sil it fuort wiskje. Gr. --Geoffrey 17 okt 2011, 09.34 (CEST)
Bin bliid dat jo it no daaliks dien hawwe. gr, Wikiice 17 okt 2011, 09.56 (CEST)
It is ek sa mar klear--Geoffrey 17 okt 2011, 10.00 (CEST)

Stinzen[bewurkje seksje | edit source]

Hoi Geoffrey,

Ik soe sa net witte wêr't it wurdsje 'stins' no krekt weikomt. Neffens my is der neat op tsjin om 'stins' en 'boarch' as synonym te brûken. Wol is it sa dat it Nederlânske/Dútske 'burg' hiel goed oerset wurde kin as 'boarch'.

Mei it wurdsje 'terp' is it lyksa. Yn it Frysk ha de minsken it oer terpen, yn oare gebieten wurde dy wenheuvels 'wierde' of 'warft' neamd. Neffens my is it wol sa dat it wurdsje 'terp' gewoan Aldfrysk is foar 'doarp'. Yn it Sealterfrysk ha se it ommers noch hieltyd oer in 'Täärp' (têrp) as se oer in doarp prate.

Groetnis --Kening Aldgilles 21 okt 2011, 17.11 (CEST)

Burch en boarch hawwe deselde betsjutting. It wurdsje 'boarch' komt yn de Wâlden foar (lykas it buorskip Skûlenboarch), oare Fryskpraters ha it meastal oer in 'burch'. It Frysk Hânwurdboek (FA/Afûk 2008) jout 'boarch' as foarkar (burch stiet der net iensen yn!). Groetnis --Kening Aldgilles 21 okt 2011, 20.24 (CEST)

Site logo protection[bewurkje seksje | edit source]

Hello. Could you please protect File:Wiki.png to be edited and moved only by sysops ? If somebody uploads a new version of this file, the logo site will change as well, so anybody can replace the logo of the website by the picture he wants. Thanks for your comprehension. -- Quentinv57 23 okt 2011, 21.53 (CEST)

MediaWiki:Blocklogentry[bewurkje seksje | edit source]

Hello. There is a problem with this system message, because the parameter $3 is missing (that's the block options). Could you please fix that (for example by adding $3 at the end of the message) ? You can see an example here. Thanks -- Quentinv57 28 okt 2011, 10.56 (CEST)

Temasiden[bewurkje seksje | edit source]

Ik ha de temaside oer de skiednis fan Fryslân no op de haadside set. Fuort ek de temaside sport ferbettere sadat dy der ek by koe. Groetnis --Kening Aldgilles 6 nov 2011, 17.41 (CET)

bedankt, moai dien. --Geoffrey 6 nov 2011, 19.37 (CET)

Fandalisme[bewurkje seksje | edit source]

De persoan efter dit IP-adres, 77.61.195.237‎, haw ik sa stadichoan myn nocht fan. Gr. Drewes 16 nov 2011, 14.04 (CET)

Tige tank. Drewes 16 nov 2011, 14.59 (CET)

Fernijde haadside en in fernijd haadtema[bewurkje seksje | edit source]

Ik ha in de haadside en it haadtema fernijd. Sjoch ek de diskusje op de oerlisside. Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 25 nov 2011, 14.09 (CET)

Beskerming temasiden[bewurkje seksje | edit source]

Bêste Geoffrey,

De haadside en de temasiden ha ik yndie beskerme tsjin mooglike fandalisten. Dat ha ik dien om't ik dy siden as de kearn fan de Wikipedy sjoch. Miskien wie ik dêr ek wol wat te benaud. Groetnis --Kening Aldgilles 4 des 2011, 19.11 (CET)

Swarte Kees hie der om frege, hy hat wat er wizige woe al feroare. De side soe wol wer skoatelle wurde kinnen. --Geoffrey 4 des 2011, 22.37 (CET)

Side fan de wike[bewurkje seksje | edit source]

De side fan de wike sil op 1 jannewaris omset wurde moatte. Ik soe noch net te hurd mei alle dagen in nije side. Technysk sjoen moatte der gjin problemen wêze soks te dwaan. Earst mar wat mear topsiden sadat dy dúdlik yn kaart brocht binne. En do hast gelyk, dy hoege net lang te wêzen. Tink der no oer nei om de side oer Gysbert Japiks noch in bytsje út te wreidzjen en dy dan mar oan te bieden. Do noch in noflike kryst tawinske! Groetnis --Kening Aldgilles 25 des 2011, 00.21 (CET)

Kaartsje Flietsône[bewurkje seksje | edit source]

Jûn Geoffrey, by de side oer de Floietsône soe eins ien fan dizze kaartsjes moatte. Hokker kaartsje soe dat wêze moatte? Der is net ien by mei de namme Flietsône... Soenen jo it goede kaartsje der by sette wolle? Groetnis, --Swarte Kees 20 feb 2012, 20.40 (CET)

Der soe einliks kaartsje CBS-wijkcode:008032 by moatte, mar dy sjoch ik der net by sitten. --Geoffrey 20 feb 2012, 20.54 (CET)

Topsiden[bewurkje seksje | edit source]

Bêste Geoffrey,

Der mei wer stimd wurde.
Wikipedy:Kandidaatsiden

Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 1 apr 2012, 16.25 (CEST)

Bedoarn[bewurkje seksje | edit source]

Bêste G., Meidogger 84.106.52.214 hat it by my bot bedoarn. Soene jo him in firtuele wan oer de bealch jaan wolle? Gr. Drewes (talk) 19 jun 2012, 17.03 (CEST)

Soesto net behearder wurde wolle?[bewurkje seksje | edit source]

Ik skrik my dea, heite!

Letter mear Drewes (talk) 15 jul 2012, 22.01 (CEST)

Goeie Geoffrey,
Ik bin oer myn skrik hinne, dat ja, ik wol bêst behearder wurde at nimmen beswier hat. Ik hoopje al dat dyn fraach net betsjut datsto der mei ophâlde wolst. (Dat kinne wy net hawwe, seker net no't Swarte Kees de lier oan de wylgen hinge hat).

Wat dyn wurk hjir oanbelanget. Ik haw altyd wurdearre datsto stikjes oer de 'âldheid' ynbringst. Myn stribjen is ek om Wikipedy in ensyklopedy yn it Frysk te meitsjen en net hingjen te bliuwen by 'Fryske' saken (dy't der fansels wol yn moatte). Datsto Ljouwerter bist is slim genôch (..) en dyn Frysk sil dêrneffens wêze, mar it kin der wol mei troch! En neffens my is dyn Frysk der yn de rin fan de tiid net minder op wurden! Ik lês dyn stikjes meast wol nei en ferbetterje wolris wat. Lykwols kin ik ek net sûnder wurdboek. Myn Frysk hâldt perfoast net oer! - Drewes (talk) 16 jul 2012, 16.55 (CEST)

Beheardersrjochten Drewes[bewurkje seksje | edit source]

Ik sil no fuortdaliks neisjen hoe't wy him behearder meitsje kinne. Dan sil ik op de oerlisside in stimming opsette, want dat heart sa. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 17 jul 2012, 18.45 (CEST)

Bêst genôch! Ik kin Drewes de beheardersrjochten jaan. Sa't ik al skreaun hie moat ik dêrfoar wol in stimming opsette, en dat sil ik no fuortdaliks dwaan op de oerlisside. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 17 jul 2012, 18.53 (CEST)

fakânsje[bewurkje seksje | edit source]

Twaenheale wike skoft --Geoffrey (talk) 19 jul 2012, 23.13 (CEST)

Al-Aksamoskee[bewurkje seksje | edit source]

Goeie Geoffrey. Wy hawwe al in side oer dy moskee!! Groetenis, Drewes (talk) 17 aug 2012, 18.03 (CEST)

mmm--Geoffrey (talk) 17 aug 2012, 19.13 (CEST)

Jo feroarings oan Wylde knyn[bewurkje seksje | edit source]

Ik bin it net iens mei in pear fan 'e feroarings dy't jo oanbrocht hawwe yn it artikel "wylde knyn". De Ålâneilannen mei bêst wat ferfryske wurde; dat dogge wy úteinlik ek mei de Falklâneilannen, en dy binne neamd nei Lord Falkland, dus dêr betsjut it eins net iens "lân", wylst dat by Åland (wat "Streamelân" betsjut, wol sa is). Fierders is de foarm "hiele" foar in geografyske namme (hiele Fryslân, hiele Egypte, of yn dit gefal "hiele Jeropa") net in typflater, mar in stylfariant fan it Fryskeigene dy't miskien wol wat âlderwetsk oandocht, mar dy't ik wol moai fyn en der graach ynhâlde wolle soe. (Ik fertel dit even om te ûnderbouwen wêrom't ik dizze beide feroarings weromferoarje). Ieneach fan 'e Esk (talk) 19 jan 2013, 20.11 (CET)

prima, dat fan "hiele" dat wist ik net. Hoe Frysker hoe better. Ik kaam yn it artikel dêr't jo mei útein set wiene wat reade triedsje tsjin en dy woe ik blau meitsje. Wat de juste stavering oanbelanget wy binne faak oan it pionieren hjir. Gr. --Geoffrey (talk) 19 jan 2013, 20.35 (CET)
Ik bin net mear leauwend, mar ik bin grutbrocht yn in fermidden dêr't middeis nei it iten út 'e Fryske bibel foarlêzen waard. En dêr komme je sokke âldere foarmen gauris tsjin, sjoch. Wat de feroarings oanbelanget nim ik jo ek neat kwea-ôf of sa, en ik koe jo gedachtegong ek wol folgje, mar ik wie it der gewoan net mei iens. En ik fûn it in bytsje krú om sûnder mear it spul werom te setten. Dy twadde e fan "preehistoarje" hiene jo trouwens hielendal gelyk oan. Dan sjogge je mar wer, je kinne it noch sa oerlêze, mar der bliuwe altiten ûngerjochtichheden stean. No, Groetnis. Ieneach fan 'e Esk (talk) 19 jan 2013, 20.46 (CET)

Great Plains & Prairie[bewurkje seksje | edit source]

Der is wat diskusje ûntstien oer de siden Great Plains en Prairie. Ik leau dat dat guont fan jowes binne. Ik tocht, miskien wolle jo ek even meiprate, mar it stiet wat ferstoppe op in hiel oare side, dat ik jou jo sa mar even in seintsje. Sjoch: Oerlis:Lytse marters. Ieneach fan 'e Esk (talk) 23 jan 2013, 21.01 (CET)

Goed datsto der oan tinkst, mar ik fyn it allegear wol bêst, fiel jim frij. --Geoffrey (talk) 23 jan 2013, 22.10 (CET)

Forjit my net[bewurkje seksje | edit source]

Teodosjaanske dynasty. Groetnis, Drewes (talk) 25 jan 2013, 21.38 (CET)

Ik sil it net ferjitte, komt goed!--Geoffrey (talk) 26 jan 2013, 14.15 (CET)

Eigenmachtich optreden[bewurkje seksje | edit source]

Goeie, Geoffrey. Ik wol eefkes myn ûntskuldigings oanbiede foar de eigenmachtige manier wêrop't ik de side Eastersk-Ortodokse Tsjerke, wat ien fan jo bydragen is, werneamd haw sûnder foarôf mei jo te oerlizzen. Dat hie eins net sa moatten (tocht ik fuort nei't ik it dien hie). Ik hoopje dat jo it net al te ferfelend fine. Ik sil der fan 'e wike noch even fierder mei oan 'e gong. Groetnis, Ieneach fan 'e Esk (talk) 24 apr 2013, 22.01 (CEST)

Soks bard ús allegear wolris. Ik ha der gjin problemen mei as de kwaliteit fan de side better der fan wurdt. Neffens mei haw ik grutste part oerset fan de Nederlânske side. Fiel dy frij om út te wreidzjen, oars te meitsjen ensfh. --Geoffrey (talk) 24 apr 2013, 23.21 (CEST)

Bots en ynterwiky's[bewurkje seksje | edit source]

Neffens my is it nije belied fan Wikipedia dat de ynterwiky's no op wikidata.org komme. De ynterwiky's bliuwe fierders wol bestean. As wy tenei mei in artikel begjinne, dan sille wy it artikel op Wikidata opsykje moatte en dan de Fryske ferzje fan it artikel 'derby' sette. It is in bytsje oars en soks is yn it begjin faak noch ûnwennich. Fansels moatte wy no noch wol tafersjoch hâlde op de migraasje fan data. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 27 apr 2013, 21.43 (CEST)

Flater yn tekst[bewurkje seksje | edit source]

Bêste Geoffrey. Kinne jo hjir wat mei?

Goeie, Drewes. Ik soe even wat tsjin in "ûnbekende meidogger" sizze, en op dy syn/har oerlisside stie dizze tekst:

Dit is de oerlisside fan in ûnbekinde meidogger; in meidogger dy't him/har net oanmeld hat. Om't der gjin namme bekend is, wurdt it ynternet-adres brûkt om oan te jaan wa. Mar faak is it sa dat sa'n adres net altyd troch deselde persoan brûkt wurdt. As jo it idee hawwe dat jo as ûnbekinde meidogger opmerkings foar in oar krije, dan kinne jo jo oanmelde. Fan in oanmelde meidogger is it ynternet-adres net sichtber, en as oanmelde meidogger krije jo allinnich opmerkings dy't foar josels bedoeld binne.

Hjir stiet twa kear fan "ûnbekinde", wat fansels "ûnbekende" wêze moat. Kinne jo (as behearder) dat ferbetterje? En miskien kinne jo fan "wa" dan meitsje "om wa't it giet", dat rint better. Ieneach fan 'e Esk (talk) 28 jul 2013, 15.26 (CEST)

Tsja, dat wit ikke net. It stiet ûnderoan op dizze side: Meidogger oerlis:80.61.230.65‎, en ik nim oan dat it in standertberjocht is foar sokke oerlissiden. It moat fansels earne yn it systeem sitte, oars ferskynde it dêr net. Mar ik bin gjin behearder, dat ik kin net achter de skermen sjen, om it samar te neamen. (En al koe ik dat al, ik haw gjin ferstân fan kompjûterprogrammatuer.) Is der oars gjin behearder mear om it oan troch te spyljen dy't by it opsetten fan 'e Fryske wikipedy belutsen west hat? Ieneach fan 'e Esk (talk) 28 jul 2013, 17.33 (CEST)

Drewes (talk) 28 jul 2013, 17.38 (CEST)

Tige tank dat jo de tekst op MediaWiki:Anontalkpagetext even oppoetst hawwe! Ieneach fan 'e Esk (talk) 29 jul 2013, 23.47 (CEST)

Fraach[bewurkje seksje | edit source]

Wikipedy:Rjochtenútfurders?

Dat bin wy net.--Geoffrey (talk) 12 aug 2013, 19.24 (CEST)

Side fan de wike 2014[bewurkje seksje | edit source]

Goeie, Geoffrey. Ik seach dat jo dwaande west hawwe mei de berjochten fan 'e wike fan 2014, dat doe haw ik dêr ek ris eefkes nei sjoen. Der sitte ferskillende siden fan my by, lykas Ivanhoe, De Lof fan de Healwizens en de haka, en ferskate oaren dy't ik eefkes bêst ûnder hannen nommen haw, lykas De Lytse Prins, de Ilias en de Bagavad Gita. Tige tank dat jo dy útkeazen hawwe; it is altyd moai as jo wurk wurdearre wurdt.

Ik seach ek dat der takom jier noch in stik as wat wiken binne dy't noch gjin berjocht hawwe. Soe ik jo dêrfoar, sûnder daliks opdringerich te wurden, in pear fan myn siden oanriede meie? In side dêr't ik bysûnder grutsk op bin is bygelyks dy oer de Britske skriuwer Rudyard Kipling. En ek dy oer de Amerikaanske science fiction- en fantasyskriuwster Lois McMaster Bujold haw ik in soad tiid en wurk ynstoppe. Bujold har boek A Civil Campaign is wier-wier hilarysk, en ik haw myn bêst dien om dat ek yn 'e plotbeskriuwing nei foarren komme te litten. Fierders kin ik û.m. de wylde knyn, de Koptysk-Otterdokse Tsjerke, ferkrêfting en Moana Pozzi oanriede. Ieneach fan 'e Esk (talk) 18 aug 2013, 23.12 (CEST)

Beste Ieneach, ik ha noait fan doel west allinnich te bepalen wat foar artikel op ús haadside, side fan 'e wike wurdt. Omdat gjinien der wat mei die haw ik dat putsje nei my talutsen. Eltsenien mei siden derby setten, fiel dy dêryn frij. Besykje dêrby wol in goeie fariaasje oan te bringen fan wat ús wikipedy allegear te bieden hat. Ik ha der wat systeem yn oanbrocht, 1 fan 4 siden hat mei Fryslân, de Fryske taal of kultuer te meitsjen. Folge troch in side oer skiednis, lannen en folken, keunst ensfh. Sjoch oerlis út 2011 [3] en 2012 [4] Gr. --Geoffrey (talk) 19 aug 2013, 19.41 (CEST)
O. Ik tocht dat dit in beheardersputsje wie. Hoe giet soks? Is dat gewoan op Wikipedy:Haadside-ynfo/Side fan de wike 2014 op in reade link klikke en dan de ynlieding fan in artikel tafoegje mei in link nei datselde artikel? Of binne der noch tûkelteammen dêr't men om tinke moat? Ieneach fan 'e Esk (talk) 19 aug 2013, 20.08 (CEST)
Ja it wurket op deselde wize as mei oare reade linkjes. --Geoffrey (talk) 19 aug 2013, 20.18 (CEST)
IK fyn de siden dysto oanrekommandearest perfekt --Geoffrey (talk) 19 aug 2013, 20.23 (CEST)
Hartstikkene moai! No, de siden fan 'e wike fan 2014 dy't noch iepen stiene, haw ik opfolle, op ien nei: wike 52. Ik haw it even neisjoen, en de kryst falt dy wyks. Moatte wy dan in side fan 'e wike hawwe mei wat krystichs? As jo gjin better idee hawwe, soene wy In Krystliet yn Proaza (better bekend ûnder de Ingelske titel A Christmas Carol) dwaan kinne. Ieneach fan 'e Esk (talk) 20 aug 2013, 00.26 (CEST)
Leuk idee, dwaan en goed dat ek in oarenien him hjir mei dwaande hâld. It wurde foar my sa stadichoan hieltyd slimmer om wer nije siden derby te sykjen--Geoffrey (talk) 20 aug 2013, 17.38 (CEST)

T.S. of T. S. Eliot[bewurkje seksje | edit source]

Goejûn, Geoffrey. Ik sjoch dat jo T. S. Eliot op 'e nominaasje set hawwe om wiske te wurden. No sil ik dêr fierders gjin sliep om ferlieze, mar ik wol jo der al eefkes op wize dat Eliot syn namme op 'e Ingelske wikipedy sa stavere wurdt (al begryp ik dat sels eins net, want ik soe nea in spaasje tusken foarletters dwaan). Mar sadwaande liek it my foar de folsleinens net ferkeard om hjir op 'e Fryske wikipedy eefkes in trochwiisside oan te meitsjen. As jo dy trochwiisside noch altyd wiskje wolle no't jo dit witte, is it my fierders ek goed. No, ik kap der mei foar hjoed. Oant letter, soe'k sizze. Ieneach fan 'e Esk (talk) 28 aug 2013, 22.56 (CEST)

Ik fûn it al wat nuver datsto der in redirect fan makkest. Ja, wat dogge wy der no mei, ik ha juster alle siden oanpast dêr't it yn brûkt wurdt. Asto der fierders goed om sliepe kinst, lit wy it dan mar wiskje, want as je soks net witte tink je dat it in tikflater is.--Geoffrey (talk) 29 aug 2013, 18.54 (CEST)
Ik fyn it bêst. Ieneach fan 'e Esk (talk) 1 sep 2013, 16.28 (CEST)

Ferkearde Haadside[bewurkje seksje | edit source]

It is my opfallen dat as ik de lêste tiid op 'e Fryske wikipedy binnenkom (en dan dus noch net ynlogd bin) ik der in âlde haadside foar krij, mei as datum snein 11 augustus, side fan de wike: de Stellingwerven, en fierders mei by de rubryk "Wisten jo dat..." it krús fan 'e Oarder fan 'e Timpeliers. As ik dan ynloch en dêrnei weromgean nei de haadside, krij ik wol de goede haadside derfoar (yn dit gefal fan snein 1 septimber). No gean ik der fanút dat as it my oerkomt, it grif mear lju oerkomme sil. En as de minsken gjin meidoggers binne (en dus net ynlogge kinne) sille se fêst nea de nije haadside ûnder eagen krije. Binne de behearders harren fan dit probleem bewust? (Ik sil dit ek eefkes oan Drewes trochjaan.) Ieneach fan 'e Esk (talk) 1 sep 2013, 16.35 (CEST)

Kin it hjir ek oan lizze? Sjoch: Wikipedy:Oerlisside#HTTPS for users with an account. Ieneach fan 'e Esk (talk) 1 sep 2013, 18.43 (CEST)
Bêste Ieneach, der haw ik ek gjin sjoege fan. Tink sels dat de kompjûter de besochte siden ûnthâld sadat it allegear sneller wurket by it ynlêze fan de side. --Geoffrey (talk) 1 sep 2013, 19.05 (CEST)

Boarsten[bewurkje seksje | edit source]

Goeie G. Froulju lizze net oan de tit, útsein lesbyske froulju fansels. It orgaan is ornearre foar lytse poppen en manlju. Ta jo tsjinst. Drewes (talk) 28 okt 2013, 21.33 (CET)

Altiten fijn, sa'n omtinkende meiwurker :) --Geoffrey (talk) 28 okt 2013, 22.30 (CET)

Betankje[bewurkje seksje | edit source]

Goeie G. Jo/do, tankje/betankje, tige tank, tanke wol? Ik soe kieze foar jo, do is my te familiêr. Tige tank, tanke wol, betanke kin allegear, ik haw gjin foarkar. Tankje/betankje is hjir fout, mei't haadwurden binne. Gr. Drewes (talk) 13 nov 2013, 16.22 (CET)

Ynventarisaasje[bewurkje seksje | edit source]

Goeie, Geoffrey. Ik bin mar ris úteinset mei in lytse ynventarisaasje te meitsjen fan siden dy't yn oanmerking komme om side fan 'e wike te wurden yn 2015. Dêr hawwe wy it in hoartsje tebek alris oer hân. De fraach wie doe oft it dan ek in side fan 'e dei wurde moast of net. Ik moat earlik sizze dat ik opsjoch tsjin it wurk dat dat opsmite soe (want it is wol even in fersânfâldiging fan wat wy no dogge). Mar dêr kinne wy it miskien t.z.t. noch wolris oer hawwe. Yn elts gefal liek it my net ferkeard om in listke oan te meitsjen dêr't iderien siden op sette kin dy't gaadlik binne om side fan 'e wike te wurden; dat kin letter hiel wat gesyk en gepuzel foarkomme. Fansels steane der no allinnich noch mar siden op dy't ik sels skreaun of redigearre haw, mar it is de bedoeling dat oare meidoggers it oanfolje as se in gaadlike side skriuwe of tsjinkomme. Ik haw Drewes frege om fan 'e ynventarisaasjeside (Haadside-ynfo/Ynventarisaasje mooglike siden fan de wike 2015) in link oan te meitsjen links ûnderoan op dizze side Wikipedy:Mienskip/Meidwaan en ferbetterje, ûnder it kopke Berjochten haadside. Dêr kin elkenien him fine. Ieneach fan 'e Esk (talk) 19 nov 2013, 17.27 (CET)

Leuk datsto dat dochst, ik ha my dêr yn it ferline meastentiids allinnich altiten mei rede moatten en ik wie al aardich útpoept wat ideeën oanbelange, mar mei-elkoar kin it allinnich mar better wurde. --Geoffrey (talk) 19 nov 2013, 20.16 (CET)

Flater ferbetterje[bewurkje seksje | edit source]

Goeie, Geoffrey. Kinne jo de staveringsflater op dizze side even ferbetterje? MediaWiki:Allowemail: "Lêt" moat "Lit" wêze. By foarbaat tank, Ieneach fan 'e Esk (talk) 26 nov 2013, 23.23 (CET)

dien --Geoffrey (talk) 28 nov 2013, 19.19 (CET)

Fraachje[bewurkje seksje | edit source]

Goeie, Geoffrey. Soene jo hjir (Oerlis:Faeröer) jo miening ris oer jaan wolle? Ik haw in stikje oer de Faeröerske/Fêreurske skriuwer William Heinesen skreaun, en foar't ik dêr kategoryen foar oanmeitsje wol ik hjir graach in kollektyf beslút oer hawwe. Ieneach fan 'e Esk (talk) 16 des 2013, 12.00 (CET)

Olympyske en Paralympyske Winterspullen 2014[bewurkje seksje | edit source]

Goeiejûn Geoffrey,

De Siden foar de Olympyske Winterspullen 2014 en Paralympyske Winterspullen 2014 steane klear (hjir en dêr moat de stavering noch hifke wurde), no mar hoopje op moaie prestaasjes fan de Fryske en Nederlânske sporters. As jo tidens de spullen in útslach tsjinkomme dy't noch net ynfolle is fiel jo frij om it yn te foljen.

Wikiice (talk) 6 feb 2014, 20.33 (CET)

De mar[bewurkje seksje | edit source]

Goeie Geoffrey, ja jo hawwe gelyk. It is yndie 'de mar' ynstee fan 'it mar'. Ik tocht der sels okkerdeis ek noch oer. Tige tanke dêrfoar. Freonlike groetnis --Kneppelfreed (talk) 23 feb 2014, 22.16 (CET)

Siden feroarje/wizigje[bewurkje seksje | edit source]

Hoi Geoffrey, tanke wol foar de skerpe eagen. In pear moanne lyn ha se op ús Fryske Wikipedy de VisualEditor of fisuele tekstbewurker ynladen. Wy binne ien fan de earsten dy't der gebrûk fan meitsje. Sûnt de ynfiering fan de fisuele bewurker stie der telkens Wizigje en Edit Source boppe-oan de side. Edit Source is no Boarne bewurkje wurden, gewoan omdat der in Fryske oersetting foar komme moast.

De logika fan Wizigje is datst de side bewurkje kinst sûnder allegear kennis fan koades lykas [[Ofbyld:testtesttest|thumb|Underskrift by ôfbylding]], mar datst direkt 'fisueel' oan it wurk kinst. Mei Boarne bewurkje wurdt it bewurkjen fan de saneamde boarne ornearre, alsa it bewurkjen fan tekst + koades. Ik hoopje dat it sa in bytsje helderder foar dy is. Miskien hasto in bettere suggestje? Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 17 apr 2014, 21.57 (CEST)

Help[bewurkje seksje | edit source]

Geoffrey, soesto meihelpe wolle oan de redaksje fan Skiednis fan de Friezen? Dat is ommers dyn ding....It pielen mei âlde skiednis, bedoel ik. Drewes (talk) 22 apr 2014, 21.57 (CEST)

Beste Drewes, ik bin der net wei fan. It wurdt fiersten te wiidweidich sa en wy ha ommers al in selde side Skiednis fan Fryslân. Om my kin it artikel wol wiske wurde. It wurdt sa te folle fan itselde--Geoffrey (talk) 22 apr 2014, 22.38 (CEST)
Mar ja je wolle in oar syn wille net bedoarne en it wurk dat er fersetten hat fergrieme. --Geoffrey (talk) 22 apr 2014, 22.44 (CEST)

Fiterje[bewurkje seksje | edit source]

Goeie Geoffrey. Bisto der wis fan dat woarteltsjes fan .... en oare plantsjes (benammen ûnkrûd) ek fiters binne? Ik mien te witten dat dy oantsjutting alline op de woartels fan Fitergers slacht, hoewol't der yndie mear planten binne dy't har' sa útwreidzje. Gr. Drewes (talk) 8 maaie 2014, 00.27 (CEST)

Hoi Drewes, op 'e tún wurdt alles fiter neamd, hja meitsje gjin ûnderskied, mar ik bin fansels gjin autoriteit op dit mêd. Yn it Nederlânsk sizze hja "kweekgras". --Geoffrey (talk) 8 maaie 2014, 08.12 (CEST)

Ieneach fan 'e Esk[bewurkje seksje | edit source]

Goeie G. Hawwe jo beswier tsjin it behearderskip fan Ieneach fan 'e Esk. Myn betinken is dat er it dûbel en dwers fertsjinne hat mei syn kwaliteitsbydragen. Groetnis, Drewes (talk) 7 jun 2014, 21.35 (CEST)

Gjin beswieren Wy kinne wol wat help der by brûke. Aldgillis hat rjochten om Ieneach behearder te meitsjen. Sil him freegje. --Geoffrey (talk) 10 jun 2014, 05.22 (CEST)

Mesosoïkum[bewurkje seksje | edit source]

Dei Geoffrey. Nee, ik haw my net fersind. Mesolitikum is de middenstientiid sast wol witst. Yn it Neolitikum waard barnstien al wurdearre en ferhannele, mar it is al miljoenen jierren earder, yn it Jura, Kryt - yn it Mesosoïkum - oant it Kwartêr ûntstien. Ta jo tsjinst. Drewes (talk) 28 jul 2014, 16.37 (CEST)

Triemmen oanbieden, Upload Wizard?[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons logo

Hello! Sorry for writing in English. As you're an administrator here, please check the message I left on MediaWiki talk:Licenses and the village pump. Thanks, Nemo 18 sep 2014, 21.22 (CEST)

Goeie, Geoffrey. Ik wit net oft jo al oer boppesteand berjocht gear west hawwe, mar ik hie it ek krigen, en doe't ik de link folge, bliek it te gean om in foarstel (yngeande op 30 sept. o.s.), wêrby't de mooglikheid om ôfbylden te uploaden op 'e Fryske Wikipedy beheind wurde soe ta behearders. Mei't my dat net goed taliek, haw dien wat der stie dat ik dwaan moast as ik it der net mei iens wie, nammentlik de Fryske Wikipedy wiskje út 'e list mei wikí's sa't dy dêr jûn waard. Ik woe jo hjir even fan op 'e hichte stelle. As jo it net iens binne mei myn ienmansaksje, moatte jo mar in gjalp jaan. Ieneach fan 'e Esk (talk) 22 sep 2014, 14.46 (CEST)
Hoi Ieneach, ik bin it folslein mei dy iens, goeie saak. --Geoffrey (talk) 22 sep 2014, 21.45 (CEST)
Hartstikkene moai. Hee, even hiel wat oars, wy sille mei koarten ek wolris oer de nije siden fan 'e wike fan 2015 gear moatte. Ik haw sjoen dat jo it ramtwurk al klearset hawwe. En op 'e ynventarisaasjeside steane genôch nije siden fermeld dy't yn oanmerking komme kinne, al moat ik tajaan dat siden mei in ferbân mei Fryslân wat krap fertsjintwurdige binne. Ik wit net krekt hoe't we mei it eigentlike útkiezen fan 'e siden fan 'e wike te wurk gean sille. Hawwe jo dêr in idee oer? Ieneach fan 'e Esk (talk) 22 sep 2014, 22.04 (CEST)
Hoi Ieneach, ja oant no ta haw ik altiten mei dat putsje yn 'e weer west. Ik wiksele de ûnderwerpen ôf, skiednis, geografy, fryslân, literatuer of wat oars en dan wer skiednis, geografy ensfh. Wa wol dit wurk op him nimme? Ik lit it diskear graach oan oaren oer. Hasto sels ideeën hoe wy it dwaan moatte?--Geoffrey (talk) 24 sep 2014, 18.21 (CEST)
No, ik wol it eventueel wol dwaan, mar it punt is, doe't ik dy ynventarisaasje opset haw, haw ik nochal in grut wurd hân oer dat "we" letter wol bepale soene hokker fan 'e siden dy't op 'e ynventarisaasjeside oandroegen binne, úteinlik echt side fan 'e wike wurde sille. Mar ja, om soks mei-inoar te beslissen, dêr hawwe wy by myn witten net echt in ynfrastruktuer foar... Hoe steane jo hjirfoaroer? Fine jo dat it "kin" dat ik soks no allinnich beslis? Ieneach fan 'e Esk (talk) 25 sep 2014, 18.35 (CEST)
Wat my oanbelanget fiel jo frij en meitsje in begjin. Wy binne te lyts om it grutter oan te pakken. Ien moat de kar lûke, oars komt it der net fan, tink. Oaren helpe dy wol. Komt altiten goed--Geoffrey (talk) 25 sep 2014, 19.55 (CEST)
Neffens my is de seleksje no aardich breed. No giet it derom om simpelwei 52 siden te kiezen foar it hiele jier. Dêr kinne wy hiel spannend oer dwaan, mar dat hoecht net. De seleksje dy't der al stiet kin dus gewoan oernommen wurde. Mei oare wurden, wy hoege net foar elke wike te stimmen. As ien fan jim tiid dêrfoar hat, fiel dy frij. Ik kom dêr de kommende wiken net oan ta. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 29 sep 2014, 15.00 (CEST)
No bêst, ik woe dit net op eigen manneboet beslisse, mar sjoen boppesteande ynstimming en om't Drewes op myn eigen oerlisside ek grien ljocht jûn hat, sil ik dizze put fan 't jier oppakke. Ik haw fan 't wykein noch in pear ekstra siden skreaun om side fan 'e wike te wurden, guon foar de fariëteit, en ien spesjaal foar de krystwike. Ferwachtsje net dat ik alle siden fan 'e wike fan takom jier no yn ien kear reemeitsje, dat sil wol oer in pear wiken útsmard wurde as it net langer wurdt. Ik sil der yn elts gefal foar soargje dat ik de saak foar 31 desimber 2014 klear haw. Ik hie fan 'e moarn even in start meitsje wollen, mar myn ynternetferbining sei fan "ferrek mar". Hy docht it no wer, sa't jim sjen kinne, mar ik wit net oft dit fan lange duer is.
Dan noch even oer de ynhâldlike kant. Geoffrey, jo hawwe in "support vote"-symboal achter De Wiko's set. It spyt my wol, want ik haw neat tsjin De Wiko's, mar mei net iens sân rigels tekst fyn ik dy side te summier om side fan 'e wike te wurden. Ek ûntbrekt der in plaatsje. En sokke siden binne der wol mear nominearre. Ik hie sels bygelyks oersetter Klaas Bruinsma graach as side fan 'e wike sjoen, mar dêr ûntbrekt ek in foto, dus dat wurdt him ek net. Ik tink, ik sis it hjir daliks mar eefkes, dan kinne we iepen kaart spylje en krije we der letter gjin spul oer. Ieneach fan 'e Esk (talk) 30 sep 2014, 16.19 (CEST)
De Wiko's hoecht om my ek net, fiel dy frij--Geoffrey (talk) 2 okt 2014, 23.29 (CEST)

53ste wike[bewurkje seksje | edit source]

Goeie, Geoffrey. Ik haw ris even yn myn bûsaginda sjoen, en neffens dat ding hawwe wy takom jier in ekstra, 53ste wike, dy't rint fan 28 desimber 2015 oant 3 jannewaris 2016, wêrnei't fan 4 oant 10 jannewaris pas de 1ste wike fan 2016 folget. Kin ik dan ûnderoan op dizze side (Wikipedy:Haadside-ynfo/Side fan de wike 2015) gewoan noch in ekstra wike oanmeitsje, of hoe sit dat? Ieneach fan 'e Esk (talk) 1 okt 2014, 12.14 (CEST)

Ja gewoan ekstra wike oanmeitsje. --Geoffrey (talk) 2 okt 2014, 23.26 (CEST)

Gerulf[bewurkje seksje | edit source]

Geachte Geoffrey, (ik spreek/lees wel Fries, maar schrijf het niet) in "oerlis", bij Gerulf en Dirk I heb ik nieuwe gegevens toegevoegd. Ik wou enkele gegevens toevoegen bij hen, maar dat lukte niet, misschien ziet u relevantie in die gegevens, en bent u wel gemachtigt? Mei freontlike groetnis, --Taekele (talk) 3 nov 2014, 07.44 (CET)

Tanke wol foar dyn oanfolling. Ik lit it noch even gewurde en as ik der oan tiid sil ik der mei oan'e gong. --Geoffrey (talk) 3 nov 2014, 21.36 (CET)