Medemblik (stêd)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It stedssintrum
It Koggehûs
De jachthaven
Kastiel Redbad
Steamgemaal Fjouwer Noarder Koggen en It Nederlânske Steammasinemuseum
It Achterom
Stedhûs Medemblik

Medemblik is in stedsje yn de Westfryske gemeente Medemblik yn Noard-Hollân. It leit yn it âlde gewest Westflinge oan de Iselmar. De stad hie op 1 augustus 2006 7994 ynwenners.

De stêd Medemblik hat in oerflakte fan 108,81 km² (wêrfan 100,05 km² wetter). Medemblik is de âldste stêd yn de gearwurkingsregio West-Fryslân. Medemblik wie oant 1 jannewaris 2007 in selsstannige gemeente, dêr't gjin oare plakke by hearden. De gemeente hearde ta de lytste fan de provinsje Noard-Hollân. De nije gemeente ûntstie troch in fúzje fan de gemeenten Noarder-Koggelân, Wognum en yn 2006 waard besluten dizze de naam Medemblik mei te jaan.

Nammeferklearring[bewurkje seksje | edit source]

De namme "Medemblik" komt mooglik fan de wetterrin Medemelake of Medemelacha (Germaans miduma- "middelst" en laku- "wetterrin yn moerassich terrein dy't op dat plak rûn hat, en dy't yn in oarkunde út 985 neamd wurdt. Hjiryn wurdt ek Medemblik sels neamd as "villa Medemelacha".

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Medemblik en Dorestêd krigen troch de Friezen wolfarrende merken. Yn 1289 waarden Medemblik stedsrjochten ferliend troch greve Floaris V. Floaris V liet oan de ein fan de 13e ieu in twangboarch bouwe, dy't no bekend stiet as Kastiel Redbad. It stedsje waard yn 1517 troch it leger fan Johan fan Selbach, steund troch de kapers fan Grutte Pier en Wijerd Jelckama plondere en yn 1572 en 1588 troch de Geuzen en prinslike troepen belegere.

Nei it graven fan it Noardhollânsk Kanaal yn 1824 waard it belang fan Medemblik as havenstêd folle minder. De ôfsluting fan de Sudersee like de nekkeslach foar Medemblik te betsjutten, mar yn de jierren sechtich fan de 20e ieu ûntwikkele de stêd him ta in bekend wettersportsintrum, mei benammen yn it seizoen ek in drok útgeanslibben.

Medemblik hat in protte histoaryske gevels, en in stêdhûs út 1939 fan de arsjitekt Alexander Kropholler. Ek stiet der in wurkjende nôtmole (Mole De Harder, werboud 1986-1990).

Sûnt 1887 hat Medemblik in spoarferbining mei Hoarn. It stasjonsgebou fan Medemblik is út dit iepeningsjier. Tsjintwurdich wurdt it spoar brûkt troch de Museumsteamtram Hoarn-Medemblik.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | edit source]

Medemblik hat as lytse âlde stêd in grut oantal nijsgjirrichheden. Sa binne der in soad âlde gebouwen en gevels.

  • Ferskate pânen oan de Westerhaven, lykas it "Dykhûs"
  • It pakhûs 'De Wolff' út 1667 oan it Foareilân
  • Historysk pân 'It hof fan Medemblick'
  • De trije pakhuzen neamd 'De Hoop' oan it Foareilân
  • It 'Skeane Hûs' oan it Foareilân
  • It ienige hûs yn Medemblik yn Loadewyk XVI styl, út 1728
  • Synagoge Medemblik, dêrt joaden út de Twadde Wrâldoarloch ut weifierd binne
  • Oarlochsmonumint foar omkommen Medemblikker soldaten, Joaden en ferzetsstriders
  • Easterhaven 21, histoarysk wenhûs út de 18e ieu
  • It grêftepân it "Waarwolfke" oan it Efterom
  • It WIC kompanjy pakhûs oan de Easterhaven
  • It grifformearde Weeshûs 'De Fjouwer Weesbern' mei poarte út 1765
  • De Waach oan de Tsiismerk
  • It 'Koggehûs' út 1613 oan de Nijstrjitte
  • It Stedhûs mei resten fan it âlde stedhûs oan de Daam
  • It Stasjon Medemblik en diel fan it spoar Steamtram Hoarn-Medemblik
  • It 'Houten Huys', foar de moalmoale "De Harder" oer, it ienige houten hûs yn de stêd
  • It 'Zwarte Woifke', boud yn 1640 en ferboud yn 1740 en 1780, oan de Easterhaven
  • It 'Witte Huys', op it Foareilân, oan de yngong fan de Nijstrjitte

Oare nijsgjirrige monuminten binne:

  • De 16e ieuske grêft 'It Efterom', de lêste grêft binnen it sintrum
  • De Stedsbuorkerijen
  • It "Dykhûs" út 1599
  • "Lânswerf", boud 1799-1800, tuorke 1808
  • De nôtmole 'De Harder' (ferneatige yn 1945, werboud yn 1988-89 wêrby't de âldere ûnderdielen lykas de wjukken en de draaibere ûnderdielen brûkt waarden)
  • It 'Kastiel Redbad' (1286-1288), opknapt nei boufvallichheid yn 1888
  • It Nederlânsk Steammasinemuseum útt 1869 (ek wol gemaal 'Fjouwer Noarder Koggen')
  • It 'Murrayhouse' fan de edelman Lord George Murray
  • Widdowehúske út 1500
  • It 'Belesting-Huys' oan de Toerstrjitte en de Westerhaven
  • It 'Koersen-Huys' oan de linkerside fan it Belesting-Huys
  • Pân oan it Beginehôf yn Renêssânse-styl
  • It 'Wetterskipshûs' mei houten Achterhúske, oan de Westerhaven
  • It "Regthuys", te herkennen oan in lantearne krekt boppe de doar, lizzend oan de Westerhaven
  • It 'Rôze Hûs', bertehûs fan de arsjitekt dy't de oarspronklike mûnen by de 'Fjouwer Noarder Koggen' polder boude, no stiet op dat plak in steammsine-pomp
  • It Bakkerijmuseum De Alde Bakkerij

Der binne ek ferskate tsjerken en oare religjeuze gebouwen:

Ferkear en Ferfier[bewurkje seksje | edit source]

Medemblik is berikbaar fanôf Hoarn oer de A7 en de N239. Fan Heechgkarspel ôf oer de N240.

Berne[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: