Max Windmüller

Ut Wikipedy

Max Windmüller (* 7 febrewaris 1920 yn Emden, East-Fryslân; † 21 april 1945 yn Cham, Oberpfalz yn Beieren) wie in Frysk-Joadsk fersetsman yn de Twadde Wrâldkriich.

Windmüller flechte mei syn heit en mem foar de nasjonaal-sosjalisten nei Nederlân om reden fan harren joadske leauwe. Dêr sleat er him oan by de Westerweel Groep, de fersetsgroep fan Joop Westerweel, en rêde it libben fan in protte joadske bern en jongerein. De leden fan de Westerweelgroep soargen foar identifikaasjepapieren, skûlplakken en de mooglikheid om te flechtsjen, foaral foar Dútsk-joadske bern en jongelju dy't út Dútslân flechte wienen. Yn dy groep wurken Joaden en leden fan oare godstsjinsten mei-inoar op om ferfolge joaden te rêden. Ek yn Nederlân wie sa'n gearwurking net fansels. Windmüller holp persoanlik sa'n 100 jonge Joaden út hannen fan de Dútsers en de hiele Westerweelse groep rêde 393 Joaden.

Yn july 1944 bestoarme de Gestapo in geheime gearkomst yn Parys. Windmüller en oare leden fan it Joadske ferzet waarden oanhâlden. Se waarden nei it haadkertier fan de Gestapo brocht, dêr ferheard en tramtearre. Dêrnei waarden se fêstset yn it Kamp Drancy. Doe't de befrijing fan it kamp troch alliëarde troepen kommendeweis wie, waard Windmüller mei it lêste transport út beset Frankryk deportearre. Op 21 april 1945 waard er by in deademars troch in SS-er deasketten.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]