Max Vasmer

Ut Wikipedy
Max Vasmer

Max Vasmer (Sint-Petersburch, 28 febrewaris 1886 - West-Berlyn, 30 novimber 1962) wie in yn Ruslân berne Dútsk taalkundige, dy't de swierrichheden fan de etymology fan Yndo-Europeeske, Finoegryske en Turkske talen bestudearre en wurke oan de skiednis fan Slavyske, Baltyske, Iraanske en Fin-Oegryske folken yn East-Europa.

Vasmer hie Dútske âlden. Hy studearre 1907 ôf oan de Universiteit fan Sint-Petersburch. Fan 1910 ôf oan wie er professor oan dy universiteit. Yn de Russyske boargeroarloch wurke er oan universiteiten yn Saratov en Derpt. Yn 1921 sette er him nei wenjen yn Leipzig, mar ferfarre letter nei Berlyn. Fan 1937 oant 1938 joech er kolleezjes oan de Universiteit Columbia yn New York City. Dêr sette er útein mei wurkjen oan syn magnum opus; it Etymologysk wurdboek fan de Russyske taal. Yn 1944 waard syn went yn Berlyn bombardearre en giene it grutstepart fan syn dokuminten ferlern. Dochs joech er net belies en koe er lang om let syn wurk útbrocht krije yn fjouwer dielen troch de Universiteit fan Heidelberch fan 1950 oant 1958 ûnder de namme Russisches Etymologisches Wörterbuch.

Fan 1964 oant 1973 waard de Russyske oersetting fan Vasmers wurdboek - it meast wichtige wurk foarde etymology fan Slavyske talen oant no ta, mei wiidweidich kommintaar - publisearre troch Oleg Troebatsjov. De Russyske ferzje is ta foldwaan op de website Tower of Babel fan Sergej Starostin.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Russisches etymologisches Wörterbuch. Winter, Heidelberch 1953-1958.
  • Die griechischen Lehnwörter im Serbo-Kroatischen. De Gruyter, Berlyn 1944.
  • Russische Grammatik. 7. Auflage. De Gruyter, Berlyn 1971, ISBN 978-3-11-001933-9 (tegearre mei Erich Berneker; ferskynd yn de Sammlung Göschen).
  • Die Slaven in Griechenland. Berlyn 1941, Leipzig 1970.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]