Max Kohnstamm

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Max Kohnstamm op 94-jierrige leeftyd

Max Kohnstamm (Amsterdam, 22 maaie 1914 - dêre, 20 oktober 2010) wie in Nederlânsk skiedkundige en diplomaat.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Wie ien fan de earste foarfjochters foar gearwurking binnen Europa. As yntellektueel wie Kohnsstamm yn de Twadde Wrâldoarloch finzen setten. Hy kaam doe ta de konklúzje dat oarloch allinnich foarkomd wurde koe as der ekonomyske foarspoed en gearwurking yn Europa is. In wolfarrend Dútslân wie neffens him foar Nederlân fan it grutste belang.

Kohnstamm waard bekend as sekretaris fan keninginne Wilhelmina. Hy wie yn 1952 belutsen by de oprjochting fan de Europeeske Mienskip foar Koalen en Stiel, dêr't letter de EU út fuortkaam.

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

  • Wilhelmina: een levensgeschiedenis in foto's, 1948, gearstald troch Jane de Jongh en Max Kohnstamm
  • 'Nog is er geen oorlog': briefwikseling tusken Max en Philip Kohnstamm 1938-1939, 2001, bewurke troch Dolph Kohnstamm, Amsterdam University Press, ISBN 90-5629-201-3
  • Still no war: A Correspondence Between Two Dutchmen - son Max and father, Philip Kohnstamm, 2003, London: Athena Press, ISBN 1-84401-055-4
  • Brieven uit 'Hitlers Herrengefängnis', 2005, besoarge en fan in ynlieding foarsjoen troch Edmond Hofland. Amsterdam, De Bezige Bij, ISBN 90-234-1559-0
  • De Europese dagboeken van Max Kohnstamm. Augustus 1953-September 1957, 2008, besoarge en fan in ynlieding foarsjoen troch Mathieu Segers. Amsterdam: Boom ISBN 978-90-8506-548-7
  • Max Kohnstamm. Leven en werk van een Europeaan., A.G. Harryvan & J. van der Harst, 2008, Utert: Het Spectrum, ISBN 978-90-274-4123-2

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]