Mattheus Teffer

Ut Wikipedy

Mattheus Teffer (Ljouwert, 6 febrewaris 1827 - Ambarawa (Java), 1907) wie in sindeling en stifter fan it Diakonessehûs te Ljouwert yn 1880.

Teffer wie skroar fan syn fak, mar gie yn 1850 nei de sindingsskoalle yn Rotterdam. Yn 1855 waard er útstjoerd nei Ambon yn Yndoneezje (doe noch Nederlânsk-Ynje). Hy wie dêr ek tabaksplanter.

Doe't er yn 1878 nei in skipbrek rêden waard, die er de gelofte dat er in sikehûs stiftsje soe yn syn berteplak Ljouwert. Hy kocht in hûs yn de Beginestrjitte. Dêr kaam letter it Diakonessehûs út fuort. Doe't Teffer organisatoaryske swierrichheden krige die er de ynstelling oer oan syn sweager J.G.W. Schreuder.

Teffer gie werom nei Ynje, rekke ûnder de ynfloed fan de Jezuïten en waard dêr yn 1895 roomsk-katolyk; syn sindingsgemeente gie mei oer. Teffer stoar op Midden-Java yn Ambarawa.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Teffer, Mattheus.