Martinytsjerke (Frjentsjer)
Ut Wikipedy
De Martinytsjerke is in tsjerke yn de stêd Frjentsjer.
De tsjerke wie oarspronklik wijd oan Martinus. De pseudobasilyk hat tritich pylders tusken it middenskip en de sydboeken en tolve pylders om it koar. Op de pylders sitte fresko's mei ôfbylden fan de hilligen: Dominicus, Fransiskus, Lucas, Jakobus de Meerdere, Sebastiaan, Adrianus, Hubertus, Rochus, Kloatilde, Katarina fan Aleksanderje, Sint-Margareta en Apollonia fan Aleksanderje.
De Martinytsjerke is de ienige midsieuske tsjerke yn Fryslân mei in koaromgong. It oargel út 1842 is makke troch Van Dam. De restauraasje fan 1940-1943 is dien nei plannen fan Herman van der Kloot Meijburg.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|