Martin B-10
Ut Wikipedy
De Martin B-10 wie de earste iendekker bommewerper út de FS dy't hielendal fan metaal makke wie. It tastel kaam yn tsjinst yn juny 1934. It wie ek de earste bommewerper dy't massaal produsearre waard en hy prestearre better as de besteande jachtfleanmasines op dat stuit. De B-10 tsjinne as basis foar de ferzjes B-12, B-13, B-14, A-15 en O-45 .
It B-10 ûntwerp hie in tal revolúsjonêre fernijings dy't fabrikant Martin de Collier Trophy yn 1932 besoarge:
- in ynwendich bommerûm
- draaiende mitrailleurkoepels
- ynlûkber lâningsgestel
- cowlings om de silinders, foar in bettere kuolling
- wie folslein fan metaal
It waard de standert foar alle lettere bommedragers.
De B-10 hat tsjinne by de Nederlânske East-Ynjeske loftmacht en ek by 7 oare loftmachten njonken dy fan de FS.
Technyske feiten [bewurkje seksje]
| Martin B-10A: | |
| Feiten | |
|---|---|
| Lingte | 13,6 m |
| Spanwiidte | 21,5 m |
| Wjokoerflak | 63 m² |
| Hichte | 4,7 m |
| Oandriuwing | twa Wright R-1820-33 Stjermotors fan 775 HK (578 kW) it stik |
| Grutste faasje | 346 km/o |
| Fleanberik | 2.200 km |
| Bemanning | ien piloat, twa skutters |
| Tsjinstplafond | 7.380 m |
| Leechgewicht | 4.391 kg |
| Fleangewicht | 7.440 kg |
| Bewapening | Trije 7,62-mm-Browning-MGs, 1.030 kg bommen |