Martenstsjerke (Kollum)

Ut Wikipedy
Martenstsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Kollum
adres Foarstrjitte
koördinaten 53° 16' N 6° 08' E
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier Healwei 15e iuw
boustyl Gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 23728 [1]
offisjele webside
Protestanske gemeente Kollum

De Martenstsjerke is de eardere herfoarme tsjerke fan Kollum. De tsjerke is ien fan de trije protestanske tsjerken yn Kollum en is krekt as de Eastertsjerke in ryksmonumint.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op de earste houten tsjerke folge yn de 11e iuw de bou fan in tsjerke fan dowestien. Tidens de restauraasje fan de tsjerke yn de jierren 1960 waarden in fûnemint fan fjildstiennen fan in âldere foargonger oantroffen. Dy foargonger wie like breedt as it súdlike skip en waard yn it fiifde travee ôfsletten mei in healrûne apsis.

Ynterieur

Fan dy tsjerke bleau neat oer en tsjintwurdich is it âldste boudiel it ûnderste diel fan de toer, dy't tusken 1200 en 1250 boud waard. Kollum waard yn 1399 troch in grutte brân troffen. Ek de tsjerke baarnde út en de weropbou fûn dêrnei diels plak op de âlde fûneminten. De gotyske nijbou fan healwei de 15e iuw waard langer en krige in nij fiifsidich koer. Oan de noardlike kant folge de konstruksje fan in koartere en legere, fiif traveeën lange noardlike beuk, dy't fan de haadbeuk skieden wurdt troch fiif op trije koarte pylders rêstende spitse bôgen.

Yn 1608 waarden grutte steunberen tsjin de noardlike beuk oanboud. Healwei de 19e iuw waarden de steunberen foar in part wer ferwidere, mar by de restauraasje fan 1960-1964 yn in oare foarm werom setten. Oft de noardlike beuk ea in ferwulft besiet is net dúdlik. It tsjintwurdige ferwulft fan de noardlike beuk waard by de restauraasje ynbrocht.

De toer waard yn 1661 ferhege en doe mei de tsjintwurdige spits bekroand. Yn de toer hingje twa klokken; ien út 1526 mei in diameter fan 143 sintimeter dy't getten waard troch Johannes Schonenborch, de oare is in klok út 1618 mei in diameter fan 131 sintimeter en waard getten troch Hans Falck.[2]

Yn de noardeastlike hoeke fan de twa beuken waard yn 1853 in konsistoarje oanboud.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De iken achtsidige preekstoel mei trep, in achterskot en in klankboerd draacht houtsnijwurk en op de hoeken pylderkes mei kapiteeltsjes en stamt út 1692. It klankboerd en it doophek datearje út it midden en de twadde helte fan de 18e iuw.

Yn it ferwulft fan de grutte beuk binne âlde fresko's fan foar de reformaasje te sjen. Se waarden yn 1882 ûntdutsen en dokumintearre, mar net earder dan mei de restauraasje fan de jierren 1960 bleatlein en konservearre.

De moaiste sarken waarden mei de grutte restauraasje yn de jierren 1960 yn it koer lein.

Yn de tsjerke steane in grut tal hearebanken, dy't út de 17e en 18e iuw stamme. Se wiene foarhinne beskildere, mar nei de restauraasje binne se blank holden.

Yn it koer hinget oan de noardlike kant in grut roumonumint foar Eyso de Wendt. De Wendt hie goed jild makke mei de hannel nei Sjina en waard yn 1772 grytman fan Westdongeradiel. De bank foar de famylje De Wendt datearret fan 1768.

Al sûnt 1574 is der in oargel yn de tsjerke. Dat oargel waard yn 1635-1636 ferfongen troch in ynstrumint fan Anthony Waelckens. Hoe't it oargel der út seach is tsjintwurdich noch op in tekening te sjen dy't foar de ôfbraak fan it oargel makke waard. It hjoeddeiske oargel datearret út 1841 en waard boud troch Willem van Gruisen, Ljouwert.[3]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Noordelijk Oostergo - Kollumerland en Nieuw Kruisland (1989), Herma M. van den Berg