Marmearmin

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Marmearmin yn 2001

De Marmearmin, ek wol de Geastmermarmûne neamd, is in poldermole tichtby de Dokkum yn de gemeente Dongeradiel. De houten achtkante mûne, mei stiennen fjildmuorren, is dekt mei horizontale houten dielen en hat in flecht fan 15,10 m.

De Marmearmin, in grûnsiler, waard yn 1968 boud foar it ynmeallen fan wetter foar de Geastmermar, in natuergebiet dat efkes súdwest fan Dokkum by de Aldfeart leit. Hy waard gearstald út ûnderdielen dy’t fan oare sloopte Fryske mûnen kamen, wêrûnder in poldermûne fan 1892 út Readtsjerk. De mûne, dy’t partikulier eigendom is, stie der yn 2008 ferfallen by, mei troch de “ferbosking” fan de Geastmermar.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]