Mark Foggo

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Mark Foggo.

Mark Foggo is in skamuzikant, berne yn Liverpool, dy't yn 1979 fia Noarwegen yn Fryslân telâne kaam, om dêr mei de band Mark Foggo's Secret Meeting koarte tiid furoare te meitsjen yn it Fryske muzykwrâldsje.

Ingelân[bewurkje seksje | edit source]

Foggo wie al jong dwaande mei muzyk. Yn Liverpool spile hy al fan syn 14e ôf yn bandsjes. In jiermannich letter ferhuze Foggo nei Londen om dêr yn it clubsirkwy mei ferskate rhythm and blues en punkbands op te treden. Nei in akkefytsje mei de Britske jústysje siket Foggo syn heil yn it bûtelân.

Fryslân[bewurkje seksje | edit source]

Oankommen yn Fryslân, smyt Foggo it op in akkoardsje mei de Fryske jazzrock band Pavane. Se spilen it twadde diel fan harren optreden as begeliedingsband fan Foggo, ska. De gearwurking soe net sa lang duorje. Foggo rekrutearret út Pavane in tal muzikanten foar de earste besetting fan syn begeliedingsband Secret Meeting, dy't kear op kear personielswikselings hawwe sil. Opfallende nammen yn de besetting binne ûnder oaren Michiel Hoogenboezem en Freddie Cavalli. Mark Foggo's Secret Meeting hâlde it mei ska en New Wave oant 1983 ta fol. De band leveret ien album ôf en trije singles, allegear útjûn op Top Hole Records.

Brabân[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1984 ferhuzet Foggo nei Brabân en rjochtet dêr in nije band mei de namme de Skasters op. De Skasters bliuwe trou oan de formule fan de ûnfersniene up-tempo ska. De band is tige produktyf mei albums, stabyl yn de besetting en drok beset mei tige enerzjike optredens sawol yn as bûten Nederlân: ûndertusken mear as 1.000. De Skasters binne sa útgroeid ta in monumint foar de Ska.

Diskografy[bewurkje seksje | edit source]

Singles[bewurkje seksje | edit source]

mei Secret Meeting[bewurkje seksje | edit source]

  • 1980 - New Shoes/It Get's You Down (single)
  • 1980 - Speeding My Life Away (single)
  • 1980 - New Shoes/Out of Place (single)
  • 1981 - New Shoes/Ace of Spades (single)
  • 1982 - I'm In Love/Advertising (single)
  • 1985 - I Never Promised You Anything (single)
  • 1985 - Weapons And Guitars

mei de Skasters[bewurkje seksje | edit source]

  • 1997 - Hashish Uit Amsterdam

Albums[bewurkje seksje | edit source]

mei Secret Meeting[bewurkje seksje | edit source]

  • 1980 - Speeding My Life Away

mei de Skasters[bewurkje seksje | edit source]

  • 1983 - A State Of Mind
  • 1989 - Ska Pig
  • 1990 - Live
  • 1992 - Couldn't Play Ska
  • 1994 - Lucky To Be Alive
  • 1996 - Haircut
  • 1997 - The St. Valentines Day Massacre
  • 2001 - The Best Of...
  • 2002 - The Missionaries Of Ska
  • 2005 - You Shot Me!!!!!
  • 2006 - It`s only a game
  • 2010 - Mad


Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]