Marike fan Nijmegen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It stânbyld fan Marike fan Nijmegen, makke troch Vera van Hasselt, op 'e Grutte Merk te Nimwegen.

Marike fan Nijmegen, yn it oarspronklike Midnederlânsk Mariken van Nieumeghen (folút: Die waerachtige ende seer wonderlycke historie van Mariken van Nieumeghen die meer dan seven jaren met den Duvel woonde ende verkeerde), is in merakelspul út it begjin fan 'e sechstjinde ieu wêrfan't de skriuwer ûnbekend is. It ferskynde foar it earst om 1518 hinne by de Antwerpske útjouwer Willem Vorsterman en hat as (religieus) boadskip dat hoe slim oft men ek sûndiget, men kin troch tuskenkomst fan 'e Faam Marije altiten ferjeffenis krije, salang't men jins sûnden mar opbychtet. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma waard útjûn yn 2009.

Eftergrûn[bewurkje seksje | edit source]

Fan 'e ierste printinge fan Mariken van Nieumeghen (fan útjouwer Willem Vorsterman) is mar ien eksimplaar bewarre bleaun, dat yn it besit is fan 'e Beierske Steatsbibleteek te München. It ferhaal waard al gaueftich frij populêr en der binne dan ek withoefolle werprintingen bekend. De oarsprong fan it ferhaal moat neffens saakkundige Dirk Coigneau yn Syrje socht wurde, mei't er bewiis sjocht foar kleare en mannichfâldige parallellen tusken in sechsde-ieuske novelle oer de fjirde-ieuske Assyryske hillige Abraham de Grutte fan Kashkar.[1]

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

Marike wennet tichteby Nimwegen by har omke, de preester Gysbert. Op in dei giet se nei stêd om't se op 'e merk te boadskipjen wol; se is fan doel om by in muoike yn Nimwegen te oernachtsjen. Dy muoike hat lykwols krekt foar har oankomst flink wurden hân mei in pear oare froulju, dat se is alhiel breinroer en Marike moat it ûntjilde. Muoike beskuldiget har der û.m. derfan dat se yn sûnde libbet mei har omke Gysbert.

Oant yn it djipst fan har siel ferwûne, giet Marike wer op hûs oan. Alhiel wanhopich bidt se om help en op dat stuit kin it har neat skele wêr't dy help weikomt. De duvel heart dat en ferskynt har yn it stal fan in Moenen, dy't har ûnthjit om har alle talen en sân frije keunsten te learen, mar net swarte magy. As betingsten stelt Moenen dat Marike har namme feroarje moat (hy hat yn it ferline spul hân mei in Marije) en dat se gjin krús mear slaan mei. Marike stimt ta en tegearre reizgje se oer Den Bos nei Antwerpen ta. Dêr libje Moenen en Marike in sûndich bestean.


Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.


Earst nei sân jier komt Marike wer ris yn Nimwegen, dêr't se op 'e merk in weinspul (in soarte fan Midsieusk toanielstik) sjocht dat har slim oangrypt. Hja kriget berou en docht in berop op God Syn barmhertigens. As reäksje dêrop tilt de lulke Moenen har oant heech yn 'e loft op en lit har dan falle. Lykwols, Marike oerlibbet de fal, om't har omke Gysbert tusken de taskôgers stiet en foar har bidt. De âld preester wit de duvel te ferdriuwen mei it útstprekken fan in Bibelpassaazje.

Marike siket ferjeffenis foar har sûnden en giet dêrom tegearre mei har omke nei in hege geastlike yn Nimwegen. Dy doar lykwols yn sa'n gefoelige saak as dizze gjin útspraak te dwaan en stjoert har troch nei de aartsbiskop yn Keulen. Uteinlik moat Marike sels alhielendal nei de paus yn Rome ta, wylst Moenen har en har omke ûnderweis om 'e nocht besiket dea te dwaan. De paus jout har as straf trije izerne ringen om har hals en earms te dragen, dy't har pas fan 'e lea falle sille as har sûnden har ferjûn binne. Marike lûkt har dêrop werom yn in kleaster te Maastricht, dêr't nei jierren fan boetedwaning de aartsingel Gabriël har ferlost fan har ringen. Marike libbet dêrnei noch twa jier en stjert freedsum om 1500 hinne. Nei har dea wurde de trije ringen boppe har grêf hongen.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | edit source]

De Fryske oersetting fan Mariken van Nieumeghen ferskynde yn 2009 ûnder de titel Marike fan Nijmegen by Utjouwerij Elikser te Ljouwert, yn gearwurking mei de Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân, en mei stipe fan 'e provinsje Fryslân. De Fryske fertaling is fan 'e hân fan Klaas Bruinsma, dy't tegearre mei Eric Hoekstra ek ferantwurdlik is foar de ynformative ynlieding. Marike fan Nijmegen waard yn ien bân útjûn mei de oersetting fan in oare Midnederlânske tekst, Elckerlijc (Elkenien).

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Nijmeegse Mariken is van Syrische Oorsprong www.gelderlander.nl).

Boarnen