Marijan Las

Ut Wikipedy
(165sm heech)
Balâns

Marijan Las (Maasbommel, 11 jannewaris 1961) is in byldzjend keunstner út Tilburch.

Yn 1990 studearre se ôf oan de Akademy foar Byldzjende Foarming yn Tilburch. Hjirnei wûn se in beurs en folge masterclasses oan it Glass Department fan Ohio State University en yn Pilchuck Seattle (USA). Sûnt 2002 makket se mei Paula Couwenbergh glês- keunstwurken, autonoom en yn opdracht.

Nei eksposysjes yn binnen- en bûtenlân (ûnder oare yn Parys en New York) mei glêspanielen, skalen en glêsskilderijen is Marijan Las in nije rjochting ynslein by it wurkjen mei glês. Yn 2008 folge se in oplieding by Frans Meeuwsen: wurkjen mei borosilikaat yn de flam. In grut diel fan har wurk stiet yn it teken fan de dûns.

It nijste wurk wie yn 2009 te sjen op de eksposysje 'Libbenstier' yn Veghel. Se makke ek wurk yn opdracht foar it wetterskip Reest en Wieden en foar de Gasuny.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: