Mariehamn

Ut Wikipedy
Mariehamn
Polityk
Lân Finlân
Regio Ålân
Sifers
Ynwennertal 11.547 (2016)
Oerflak 20,75 km²
Befolkingsticht. 979 / km²
Hichte 0 - 30 m
Oar
Tiidsône EET (UTC+2)
Simmertiid EEST (UTC+3)
Offisjele webside
www.mariehamn.ax
Lizzing fan Mariehamn yn Finlân
Fearboaten yn de haven fan Mariehamn

Mariehamn (Finsk: Maarianhamina) is de haadstêd fan de Finske eilannegroep Ålân, dy’t yn de Eastsee tusken Sweden en Finlân leit. Ålân is in autonoom, demilitarisearre en ientalich Sweedsk gebiet.

Mariehamn hat in haven dêr’t fearboaten oanlizze dy’t tusken Stockholm en Turku of Helsinky farre. De fuotbalklup is IFK Mariehamn.

Sûnt 1990 is Mariehamn de thúshaven fan de eardere 'Jan Nieveen', yn earder tiden it flaggeskip fan de Lemmerboat, in skipfeartferbining oer de Iselmar tusken Amsterdam en De Lemmer. It skip, dat omdope is ta "F.P. von Knorring", docht no tsjinst as restaurant. Nammejouwer Frans Petter von Knorring wie in pleatslike pommerant út de 19e iuw dy’t him ynsette foar de ûntwikkeling fan Ålân en Mariehamn.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sint George
Untjouwing ynwennertal
Jier Befolking
1987 9,966
1990 10,263
1997 10,408
2000 10,488
2002 10,632
2004 10,712
2006 10,824
2008 11,005
2009 11,123
2013 11,446