Maria van Daalen

Ut Wikipedy
Gedicht op muorre by NIAS

Maria van Daalen (Voorburg, 8 july 1950) is in Nederlânsk dichteresse en auteur. Maria van Daalen is de skûlnamme fan Maria Machelina de Rooij.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1985 debutearre Maria van Daalen mei in rige gedichten yn Raster nr. 34. Gedichten fan har ferskinen yn De Gids, De Revisor en DWB. Hja publisearre fan 1982-2005 yn it deiblêd Trouw. Bekendheid krige hja ek by "Winterschrift" (Grins) en by "De Langste Dag" (2010), [1]. Sûnt neijier 2005 wennet Maria van Dalen yn Almere en hie yn 2006-7 in eigen dichters-ynterviewprogramma yn Corrosia, Almere Haven, mei de titel "het Spreek Uur". Hja wurket oan in grut essay oer religy vodou, wurktitel "Spiegel van Mysteriën", foar har útjouwer Querido. Har achtste dichtbondel hat as ûnderwerp it periodyk systeem fan de eleminten, wêr't hja al jierren materiaal foar garret. Van Daalen wie 2006-2011 dosint Poëzy oan de Skriuwersfakskoalle Amsterdam; sy jout sûnt 2011 Creative Writing oan Summer School Almere, [2].

Yn Almere Buiten stean twa gedichten fan har op de muorre fan in hûs, [3]. In oar gedicht steat op in muorre fan NIAS (ynstitút fan KNAW) yn Wassenaar.[4]

Maria van Daalen is in beppesizzer fan Machiel Wilmink.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1989 - Raveslag (gedichten)
  • 1992 - Onder het hart (gedichten)
  • 1994 - Het Hotel (gedichten)
  • 1996 - Het geschenk // De maker (gedichten)
  • 2000 - Elektron, muon, tau (gedichten)
  • 2003 - Yo! De liefde (gedichten)
  • 2005 - De zwarte engel (proaza)
  • 2007 - De wet van behoud van energie (gedichten)
  • 2010 - My Love, you have the world cupped in your hands (gedichten; karút yn 't Ingelsk)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. www.dbnl.org/delangstedag
  2. summerschoolalmere.nl/courses
  3. almerebuiten.info/kunst en almerebuiten.info/kunst/mijn
  4. nias.knaw.nl