Marcel Dassault

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Marcel Dassault yn 1914

Marcel Dassault, berne Marcel Bloch (Parys, 22 jannewaris 1892 - Neuilly-sur-Seine, 17 april 1986) wie in Joadsk-Frânsk yndustrieel, dy't fral ferneamd wie as fleanmasinekonstrukteur.

Libben en wurk[bewurkje seksje | edit source]

1913 studearre hy ôf oan de hegeskoalle foar loftfearttechnyk. Yn de Earste Wrâldkriich kaam er mij in nij type propeller, dy't bettere prestaasjes taliet as de wenstige soarten. Hy neamde it de "Hélice Eclair" en tegearre mei in oare loftfeartpionier, Henri Potez, stifte hy de "Société des Hélices Eclair". Yn 1917 kaam der in tredde freon by en stiften sy de "Société d'Etudes Aéronautiques" (SEA) mei it doel eigen fleantugen te bouwen. It earste loftweardige model wie de twasits SEA 4, dêr't it Frânske ministearje fan Oarloch tûzen stiks fan bestelde. Doe't de levering krekt'begûn wie de kriich lokwols foarby en waard de bestelling ôfsein. Dêrnei gie Bloch yn it fêstguod.

Doe't 1928 it Frânske Ministearje fan Loftfeart oprjochte waard, gie Bloch lykwols werom nei de fleantúchbou en stifte de "Société des Avions Marcel Bloch" . Tsjin 1935 wie dat it twads grutte loftfeartbedriuw fan Frankryk wurden. Yn 1936 waard it bedriuw nasjonalisearre en ûnderbrocht yn de "Société nationale de constructions aéronautiques du Sud-Ouest "(SNCASO), dêr't Bloch de ôffurdige bestjoerder waard. In stikmannich moannen letter sette er útein mei in nij bedriuw, de "Société anonyme des avions Marcel Bloch" (SAAMB). Yn dat bedriuw ûntwurp er prototypes fan nije fleanmasines, dy't boud waarden troch de nasjonalisearre Frânske loftfeartyndustry: sa makke de SNCASO yn rige de ienmotoarige jachtfleanmasine MB 150, de twamotoarige bommesmiter MB 170, en in fjouwermoatorig passazjiersfleanmasine, de MB 161. De MB 174 (1939) wie in ienmotorich ferkenningsfleanmasine dy't brûkt wurde soe troch fleander/skriuwer Antoine de Saint-Exupéry.

Nei it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich waard hy yn 1940 arrestearre fanwege it regear fan Vichy. Hy wegere te kollaborearjen mei de besetter en bedarre úteinlik yn 1944 yn konsintraasjekamp Buchenwald; nei acht moanne waard er dêr befrijd.

Yn 1949 feroare hy syn famyljenamme yn Dassault; dat wie de koadenamme dy't syn broer, generaal Paul Bloch, yn de oarloch yn it ferset brûkte. Itselde jier fleach de MD 450 Ouragan, it earste strielfleantúch fan Dassault. De Mystère III en Mystère IV folgen yn 1952; yn 1956 de Étendard IV (foar de fleandekskippem fan de Frânske marine) en de Mirage III, dy't oan in protte lannen ferkocht wurde soe, ûnder oaren oan Israël en (yn in lettere ferzje Mirage V) oan Belgje. De Mirage IV bommemiter kaam yn 1959 foar de Frânske nukleêre "Force de Frappe". De meast nije tastellen fan Dassault binne de Mirage 2000 en de Rafale.

Yn de boargerloftfeart is Dassault fral bekend fanwege de Falcon sakenjets, dêr't sûnt 1970 ferskillende ferzjes fan útbrocht binne. In grut passazjiersfleantúch, de Mercure (1971) waard gjin súkses.

De "Société des Avions Marcel Dassault", letter "Dassault Aviation" waakste ta in grut militêr-yndustrieel konglomeraat, dat 1981 nasjonalisearre waard, mar dat fan Dassault laat waard oant syn dea.

Dassault wie ek warber yn de media en de polityk. Hy rjochte in wykblêd op, "Jours de France", konkurrint fan "Paris-Match", en hie dêryn sels de rubryk "le café du commerce". Hy produsearre in tal films (La Boum 2 (1982) mei û.o. Claude Brasseur; Jamais avant le mariage (1982); La septième cible (1984) mei û.o. Lino Ventura; Les parents ne sont pas simples cette année (1984)) en wie ek eigner fan filmsealen op de Paryske Champs Elysées.
Hy waard senator en letter folksfertsjintwurdiger yn de Assemblée Nationale, dêr't er lange tiid de âlderdomsdeken fan wie.

Dassault krige de heechste Frânske ûnderskieding foar syn fertsjinsten, it Grutkrús fan it Earelegioen. Hy leit bedobbe op Cimetière de Passy yn Parys.

Soan Serge Dassault sette de ûndernimming Dassault fuort.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]