Mar fan Bolsena

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Utsjoch fan Montefiascone op de mar fan Bolsena mei de eilannen Martana (l.) en Bisentina (r.)

De Mar fan Bolsena (Italjaansk: Lago di Bolsena) is in mar yn de midden fan Itaalje, dy't mear as 300.000 jier foar Kristus ûntstien is mei it ynstoarten fan de fulkanen fan it Vulsiny-kompleks.

It hat in ovaalske foarm, lykas marren fan dy oarsprong mear hawwe, mei twa eilannen, en foarmet de boarne fan de rivier de Marta.

De mar leit yn it noarden fan de provinsje Viterbo, yn Heech Tuskia. By de east- en noardkant lâns rint de Via Cassia. De mar hat in soad toeristefoarsjennings, fral foar natuertoerisme, lykas kempings, kampearplakken en bêd en brochje.