| Malmö |
 |
|
| Lân |
Sweden |
| Distrikt: |
Skåne län |
| Ynwennertal |
290.078 (2009) |
| Ynwennertal stêdekloft: |
635.224 (2009) |
| Oerflak: |
69,3 km² |
| Webside: |
www.malmo.se |
Malmö is in stêd yn it súdwesten fan Sweden oan de Sont. It is de haadstêd fan Skåne län, de meast súdlike provinsje fan Sweden. Súdlik fan de stêd leit de Sontbrêge dy't Malmö (Sweden) mei Keappehaven (Denemark) ferbynt. Malmö makket diel út fan de Sontregio, in transnasjonale regio dêr't 3.677.495 minsken wenje (2008).
Malmö wie fan oarsprong in Deenske stêd. Om 1300 hinne begûn de stêd, mei troch de grutte ynfloed fan de Hânze, hurd te groeien. Yn de 16e ieu wie de stêd ekonomysk fan grut belang. Mei de Frede fan Roskilde fan 1658 kaam Skåne, dêr't Malmö by heart, by Sweden. Yn 1677 besochten 14.000 Deenske troepen de stêd wer yn te nimmen, mar nei in moanne striid moasten se har weromlûke. Troch de yndustrialisaasje groeide de stêd nei 45.143 ynwenners yn 1886. Yn 2000 wie de Sontbrêge klear. Dy brêge jout de stêd nije mooglikheden as ferkearsknooppunt tusken Skandinaavje en de rest fan Europa.