Masedoanje (Aldheid)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Makedoanje (âldheid))
Histoarysk Masedoanje

Masedoanje (Gryksk: Μακεδονία, Makedonía) is in histoaryske lânstreek op it Balkanskiereilân, dy't njonken it hjoeddeiske lân Masedoanje ek Gryksk Masedoanje omfieme en ek Pirin-Masedoanje yn Súdwest-Bulgarije.

Lizzing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Geografysk besjoen wurdt Masedoanje yn it westen begrinze troch it Pindosberchtme en de berchrigen lâns Gryksk-Albanese grins (Jablanitsa, Dasjat), yn it noarden troch it Sjarberchtme en de wetterskieding tusken de Fardar en de Morava, yn it easten troch it Pirinberchtme en yn it suden troch de Olympus en de Egeyske See. Masedoanje beslacht de stroomgebieten fan de Aliakmon, de Fardar en de Strimon.

Prehistoarje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Masedoanje út de Aldheid wie grutter as it Masedoanje fan no. It hjoeddeiske lân leit al yn dy lânstreek, mar grutte parten fan dy lânstreek lizze no yn Bulgarije en Grikelân, en lytse stikjes yn de oare buorlanen.
In part fan dy streek, dy't op it kaartsje dûnker oanjûn is, waard yn prehistoaryske tiden bewenne troch de Aldmasedoanjers, oer wa har komôf net folle mei wissichheid bekend is. Sels beskôgen se har as Griken, wylst se foar guon Griken as "barbaren" gouwen. De aristokrasy en de keningen út de dynasty fan de Argeaden wienen sûnder mis Gryksk. Oant yn histoaryske tiden bewarre de Masedoanyske mienskip skaaimerken fan de prehistoaryske Grykske stammen: it "feodale" ridderskip en it troch de gearkomste fan striidbere manlju te bekrêftigjen keningskip. Op kultureel mêd bleauwen de Masedoanjers lange tiid ôfsidich fan de oare Griken. Opmerklik is wol dat sommige keningen besochten om ta nauwere bannen mei Grikelânn te kommen.

Argeaden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de 7e iuw f.Kr. stifte Perdikkas yn Masedoanje it keningshûs fan de Argeaden. De earste werklik wichtige foarst wie Aleksander I (498-454 f.Kr.), bynamme de Filhelleen. Dy reorganisearre syn leger en krige it rjocht de Olympyske Spullen by te wenjen, wêrtroch't hy yntinsyf belutsen rekke by de Grykske kultuer. Hy hat ea de dichter Pindarus nei syn hof útnûge en skonk in gouden byld oan de timpel fan Delfy.
Syn opfolger Perdikkas II fan Masedoanje soe sels Sokrates oan syn hof hawwe wold.
De grutste kening út dizze perioade wie sûnder mis Argelaüs I fan Masedoanje, dy't regearde fan 413 f.Kr. ôf en yn 399 f.Kr. fermoarde waard. Hy makke syn leger ta ien fan de bêste út de âlde wrâld, lei wegen oan yn syn lân, en helle keunstners as Euripides en Seuksis nei syn hof. Hy organisearre ek toanielwedstriden ta eare fan Seus en de Muzen en makke fan Pella syn haadstêd.

De machtsútwreiding ûnder Filippus II wie it begjin fan de romrofte perioade fan de Masedoanyske skiednis: de fjildtochten fan syn soan Aleksander de Grutte. Nei dy syn dea waard it oarspronklike Masedoanje in striidpunt ûnder de diadochen Antigonus Monofthalmus, Kassander en Lysimachus, oant him sûnt Antigonus Gonatas in mear stabile dynasty foarme, dy't yn 168 f.Kr. ta fal brocht waard troch de Romeinen. It lân waard yn 4 fazalsteatsjes ferdield en 20 jier letter ta in Romeinske provinsje makke.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: