Makao

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing Makao yn Sina

De Spesjale Bestjoerlike Regio Makau fan de Folksrepublyk Sina, meastentiids Makau of Makao, is in lyts stêdseilân oan de súdlike kust fan de Folksrepublyk Sina. It leit 70 kilometer súdwestlik fan Hongkong en 145 kilometer fan Kanton. Makao bestiet út trije eilannen dy't mei brêgen en damen mei inoar ferbûn binne: it haadeilân Makau, it middelste eilân Taipa en it súdlikste eilân Koloane. Troch de Portegezen waard Makao yn 1557 stiften en is dêrmei de âldste Jeropeeske koloanje yn Sina. De Portegeeske regearing joech de soevereiniteit fan it gebiet oer oan de Folksrepublyk Sina yn 1999 en wurdt no bestjoerd as in spesjale bestjoerlike regio fan Sina. De memmetaal fan de ynwenners fan Makao is Kantoneesk.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]