Majorana-dieltsje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It Majorana-dieltsje is ien fan de elemintêre dieltsjes. It is in type fermioanen dat syn eigen anty-dieltsje is. Majorana-fermioanen binne ferneamd nei de Italjaanske natuerkundige Ettore Majorana.

De neutrino's binne mooglik Majorana-fermionen. Yn dat gefal soe it elektron-antineutrino lyk wêze oan it elektronneutrino. Oft it neutrino in Majorana-fermion is, is net bekend. Der binne yn it standertmodel fan de dieltjesfysika gjin oare elemintêre fermioanen dy't Majorana-fermioanen wêze kinne. Der binne wol ferskate bosoanen dy't har eigen anty-dieltsje binne, lykas it Z-boson en it foton. Yn de supersymmetryske teory is it neutralino syn eigen anty-dieltsje.

Nanowittenskippers fan de Delftske universiteit hawwe it saneamde Majorana-dieltsje waarnommen. It bestean fan it dieltsje wurdt al sûnt de jierren ’30 foarsein, mar it wie noch nea earder obstrewearre. Mei in opstelling fan tige lytse nanotriedsjes, superliedings en magneten hawwe de ûndersikers yn Delft it bestean fan it dieltsje sjen litten, sa ferdútste ûntdekker Leo Kouwenhoven yn april 2012.

It dieltsje hat in pear eigenskippen dy’t de oare elemintêre dieltsjes net hawwe. It is bygelyks syn eigen anty-dieltsje. De ûndersikers hoopje dat de ûntdekking brûkt wurde kin foar it bouwen fan in kompjûter dy’t noch folle flugger is as de hjoeddeiske kompjûters.