Mahayana

Ut Wikipedy

Mahāyāna (Sanskryt: महायान mahāyāna, mahā, grut, yāna, reau of wei) is ien fan de haadstreamingen yn it Boedisme. As dúdlik ûnderskieden beweging, naam de Mahayana neffens ûndersikers in oanfang om de earste iuw nei Kr. yn it noardwesten fan Yndia. Hja skatten dat de beweging in formative perioade hân hat fan sa'n fjouwer iuwen eardat it yn de twadde iuw yn in heechûntwikkele foarm nei Sina oerbrocht waard. Sintraal yn de Mahayana-ideology is de idee fan de Bodisattva: net allinnich de Boeddha, mar elk mins kin de steat fan Ferlichting berikke.

Neffens Williams (1989) wie de ûntwikkeling fan de Mahayana in stadich, geleidlik proses. De Mahayana wie gjin rivalisearjende "skoalle" en deswegen ûntstie se net troch in skisma (sangbeda). Mahayana en net-Mahayana mûntsen koenen sûnder skeel yn itselde kleaster wêze, salang't se deselde kleasterregels neifolgen. Neffens Ninian Smart (1989) ûntstie de Mahayana lykwols troch de spanning oer de fraach oft it yndividu dat him mei help fan dyana ynspant om ta ferlichting te kommen, eigentlik gjin sellssuchtige died ferrrjochtet? Mei it ideaal fan de Bodhisattva, dy't út moederaasje syn eigen ferlossing útstelt oant oaren ek ferlost binne, tocht men dizze spanning oplosse te kinnen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Paul Williams, Mahayana Buddhism, Routledge, 1989
  • Schopen, G. "The inscriptions on the Kusan image of Amitabha and the character of the early Mahayana in India", Journal of the International Association of Buddhist Studies 10, 1990
  • ”The Vision of the Buddha”, Tom Lowenstein, ISBN 1-903296-91-9
  • Ninian Smart, The World's Religions, Cambridge, 1989
  • Shinjo Ito, Shinjo:Reflections, Somerset Hall Press, 2009