Magnetron (oven)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Pompebled2.jpg
Dizze side moat noch ferfryske wurde.


Magnetron, model út ± 1988

In magnetron of mikrogolfoven is in soarte oven wêryn mei microgolfstrieling ieten ferwaarme of sean wurde kin. Sûnt de jierren '80 wurdt in magnetron hieltiten mear brûkt yn de koken. Nederlân is grif it ienichste lân dêr't de magnetronoven neamd is nei de ynterne komponint dy't de mikrogolfstrieling opwekt, it magnetron. Yn de rest fan de wrâld is de namme basearre op de wurking fan de oven mei mikrogolven.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De mooglikheid om mei mikrogolven iten te ferwaarmjen waard yn de jierren 40 ûntdekt troch Percy Spencer, dy't by Raytheon wurke en magnetrons boude foar radars. Spencer hie al in protte útfinings dien en hie 120 oktroaien op synnamme stean. Op in dei fernom hy dat der in sûkelarjereep dy't er yn de bûse hie, raand wie. Hy begriep fuort wat der barde.

It earste iten dat dêrnei mei mikrogolven makke waard, wie popcorn. It twadde wie in aai, dat lykwols yn de fret fan ien fan de dielnimmers eksplodearre.

Yn 1945 fregeRaytheon patint oan op it sieden mei mikrogolven en yn 1947 boude it bedriuw de earste komersjele magnetronoven, de Radarange. It apparaat wie hast 1,8 meter heech en woech 340 kilogram. Mei wetterkuolling koe it 3000 watt leverje, hast trije kear safolle as de tsjintwurdige magnetrons leverje.

Wurking[bewurkje seksje | edit source]

In magnetron wurket troch mikrogolfstrieling, meastal by in frekwinsje fan 2,45 GHz, troch it iten hinne te lieden. Wetter dat yn it iten sit, absorbearret de strieling, sadat dizze omsetten wurdt yn waaarmte. Elk wettermolekúl is in elektryske dipoal, dat wol sizze dat it iene útein in positive lading hat en itb oare útein in negative lading. Troch de elektromagnetyske strieling wurdt it molekúl hinne-ende-wer draaid, wêrby't it him tagelyk rjochtet oan it wikseljende elektrysk fjild. Dizze beweging feroarsaket de waarmte. Guons miene dat der resonânsje fan de wettermolekulen optreedt, mar dizze resonânsje bart by folle hegere frekwinsjes.

Neist wetter binne ek de fetmolekulen yn it iten effektyf foar it omsetten fan de strielingsenerzjy yn waarmte.

De ovenromte dêr't it iten yn klearmakke wurdt moat in koai fan Faraday wêze om defoar te soargjen dat de strieling net nei de omjouwing ûntsnapt. Dêrom hat de glêzen doar fan de magnetron in geliedend metaalruster om de ôfskerming troch de doar te realisearjen. De mikrogolfstrieling, mei in golflingte fan ûngefear 12 sm, kin net troch dat ruster passeare, mar ljocht, ek in foarm fan elektromagnetyske strieling mar mei folle koartere golflingtes, kin dat wol.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]