Maarten Biesheuvel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
J.M.A. Biesheuvel mei it boekewikepresint fan 1988

Jacob Martinus Arend (Maarten) Biesheuvel (Skiedam, 23 maaie 1939) is in Nederlânsk skriuwer. Hy debutearre mei de ferhalebondel In de bovenkooi (1972), wermei't er fuortendaliks namme makke. Hy publisearret as J.M.A. Biesheuvel.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Biesheuvel studearre Rjochten oan de Ryksuniversiteit Leien fan 1960 ôf, en waard lid fan de studinteferiening Catena. Hy skreau foar it ferieningsblêd en foar it Leids Universiteits Blêd. Biesheuvel hie in bysûndere relaasje mei de jurist en essayist Huib Drion en mei de heechleraar Russyske literatuer Karel van het Reve (waans kolleezjes hy folge). Hy neamde him God en hie in yngeande korrespondinsje mei Van het Reve, dy't Biesheuvel syn bysûndere talint erkende.

Hy hat oan it Rapenburg, de Nieuwe Rijn en de Brahmsloane wenne, en wennet anno 2010 noch hieltyd yn Leien, yn in houten hûske mei de namme 'Sunny Home'.

Biesheuvel hat fan jongs ôf te lijen hân fan depresjes ôfwiksele mei perioaden dat er manysk wie (Bipolêre steuring). Maarten Biesheuvel is troud mei Eva Gütlich.

Underskiedingen[bewurkje seksje | edit source]

Op 24 maaie 2007 ûntfong Biesheuvel, foar syn hiele oeuvre, de prestizjeuze P.C. Hooft-priis 2007. April 2008 waard er beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw. Earder wie er al beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau.

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

  • In de bovenkooi (1972)
  • Slechte mensen (1973)
  • Het nut van de wereld (1975)
  • De Weg naar het Licht (1977)
  • Een dag uit het leven van David Windvaantje (1978)
  • De verpletterende werkelijkheid (1979)
  • De merel (1980)
  • Duizend vlinders (1981)
  • Hoe de dieren in de hemel kwamen, voorafgegaan door Die aardige beer (1982)
  • Brommer op zee (1982)
  • De bruid (1982)
  • De steen der wijzen (1983)
  • De wereld moet beter worden (1984)
  • Reis door mijn kamer (1984)
  • Zeeverhalen (1985)
  • De klacht van de dorpsschoolmeester (1985)
  • Eert uw vader en uw moeder (1985)
  • Godencirkel (1986)
  • De angstkunstenaar (1987)
  • Een overtollig mens (1988, boekewykepresint)
  • Biesboek (1988)
  • Konijn (1988)
  • Vijftig verhalen (1989)
  • Carpe diem (1989)
  • Kind / Het wonder (1994)
  • Zes novellen (2001)
  • Oude geschiedenis van Pa, die leefde als een dier want hij schaamde zich nergens voor en hij was erg practisch (2002)
  • Eva's keus (2003, bondel ferhalen, gearstâld troch Eva Gütlich)
  • Verzameld werk (2008, 3 dielen tinprinte)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]