Maarten 't Hart

Ut Wikipedy
Maarten 't Hart
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Martin Hart
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 25 novimber 1944
berteplak Maasslûs
wurk
taal Nederlânsk
sjenre Roman, ferhalen, essay
bekendste
  wurk(en)
Stenen voor een ransuil (1971)
Ik had een wapenbroeder (1973)
Een vlucht regenwulpen (1978)
Het woeden der gehele wereld (1993)
útjouwer De Arbeiderspers
jierren aktyf 1971 – no
offisjele webside
Maarten 't Hart yn de DBNL
't Hart spilet op it oargel fan de Grutte Tsjerke yn Haarlim (1979)

Maarten 't Hart (Maasslûs, 25 novimber 1944) is in Nederlânsk gedrachsbiolooch en skriuwer, mei de skûlnammen Martin Hart en Jacob Stillebroer, en alter ego en Maartje 't Hart. 't Hart is troud mei Hanneke van den Muyzenberg en wennet yn Warmond.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

't Hart wie de âldste soan fan in grifformearde deagraver. Hy gie nei it Groen van Prinstererlyceum yn Flaardingen en studearre biology oan de Ryksuniversiteit Leien, dêr't er yn 1978 promovearre op it proefskrift A study of a short term behaviour cycle: Creeping through in the three-spined stickleback. Dêrnei wurke er as etolooch. Oare wittenskiplike publikaasjes fan him binne Ratten (1973) en De stekelbaars (1978).

Maarten 't Hart (1979)

Yn syn studintetiid briek 't Hart mei it kristlike leauwe. Hy hat yn syn wurk it leauwen hieltyd sterk polemysk behannele en set him benammen ôf tsjin it monoteïsme. Foaral syn twa bondels 'alternative Bibelstúdzjes' Wie God verlaat heeft niets te vrezen en De bril fan God binne dêr foarbylden fan. Ek yn syn romans en ferhalen is faak in nostalgyske en ôfwizende hâlding te fernimmen oangeande syn grifformearde jeugd. Foar de Roomsk-Katolike Tsjerke oer nimt er in ûnfersoenlik stânpunt yn.

Hy debutearre as skriuwer yn 1971 ûnder it pseudonym Martin Hart mei Stenen voor een ransuil, by De Arbeiderspers, in útjouwerij dy 't er altyd trou bleaun is. Syn trochbraak kaam yn 1978 mei de roman Een vlucht regenwulpen. In soad wurken hawwe autobiografyske eleminten en ferwize nei syn jonkheid yn it kristlike Maassluis (benammen de grifformearde pylder), syn ûnderfiningen as biolooch en syn foarleafde foar klassike muzyk, literatuer en syn ûnôfhinklike geast.

't Hart hat him geregeld betsjinne fan polemyk, ûnder oaren tsjin de feministyske beweging (bygelyks yn De vrouw bestaat niet) en literatuerresinsinten (lykas yn De som van misverstanden). Hy kin hjiryn bûtengewoan fûl úthelje. Hy ferkent graach de grinzen tusken literêre oerdriuwing en persoanlike oanfal. Ien fan de doelwiten fan syn publike oanfallen wie jierrenlang de man dy't him ea sakje litten hie foar syn rydeksamen.

Syn boek De vrouw bestaat niet kaam 't Hart op oanfallen út feministyske rûnten te stean. De politika Els Borst lies it boek en koe der krekt wol mei ynstimme. Sy liet him dit witte yn in brief fan 24 augustus 1982. Hja wie it "hertyngeand iens" mei de arguminten út haadstik 14, Het paradijs en de hel, wêryn't 't Hart skreau dat er jaloersk op froulju wie, omdat foar harren gjin oardel jier militêre tsjinstplicht gou en omdat hja mear frijheid as manlju hiene dêr 't it wurkjen oanbelan. Hy hie yn syn jeugd faak sjoen dat wurkjen net befrijend, mar ôfmêdzjend en geastdeadzjend wie. Borst skreau him: "Ek ús mem hie in oantrekliker libben as ús heit".

Yn 1991 kaam 't Hart út 'e kast as travestyt op it Boekebal itjinge in soad opskuor joech. Yn de jierren 90 trede er út en troch publyklik op as "Maartje" yn frouljusklean, mar om 2000 hinne is er dêrmei ophâlden. Oer syn foarkar foar frouljusklean skreau Mensje van Keulen it boek Geheime dame (1992).

Yn 2004 stelde er him beskikber as listtriuwer fan de Partij voor de Dieren foar de Europeeske ferkiezingen, mar doe't de Kiesried easke dat persoanen op de kieslist oer in jildich paspoart beskikke moasten, sei 't Hart dat er om prinsipiële redenen wegere dat oan te freegjen. Ek by de Twadde Keamerferkiezings 2006 wie er listtriuwer fan de Partij voor de Dieren, mar naam dêrfan al gau iepenlik ôfstân omdat de fraksjefoarsitter Marianne Thieme en it Earste Keamerlid Niko Koffeman belijend lid wiene fan de sândedeisadventisten. Koart dêrnei luts er syn krityk op Thieme lykwols yn.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy hat in protte romans skreaun. Syn boeken binne oerset yn ferskate talen en binne fral populêr yn Dútslân en Sweden. Trije romans binne yn it Ingelsk oerset: Een vlucht regenwulpen (1986), De aansprekers (1983) en De zonnewijzer (2004), en ek in tal koarte ferhalen.

De temaas fan syn romans hawwe faak autobiografyske komponinten:

  • it plak dêr't er wenne, Maasslûs
  • it strange Protestantisme dêr't er yn opbrocht is en dêr't er him tsjin fersette.
  • de leafde fan in man foar in frou (of famke)
  • de ferhâlding tusken in jonge en in âldere man (bygelyks: heit en soan, learaar en studint)
  • skuld.

Syn boeken steane fol mei details oer natoer (it waar, planten, dieren) en litte syn leafde foar klassike muzyk (foaral de muzyk fan J.S. Bach, Mozart and Schubert) sjen. 't Hart is in pleiter fan it wurk fan ûnder oaren Simon Vestdijk, J. van Oudshoorn en de Deenske skriuwer Hjalmar Söderberg.

't Hart en muzyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maarten 't Hart is in hertstochtlik leafhawwer en kenner fan klassike muzyk. Dêr hat er in soad essays oer skreaun en jierren fersoarge er cd-resinsjes yn it muzyktydskrift Luister. It meast bewûnderet er komponisten as Bach, Mozart, Schubert en Bruckner en hy tsjûge faak fan syn leafde foar de muzyk fan Prokofjev en Richard Strauss. Ek hat er it faker as ien kear opnaam foar Max Reger, Franz Schmidt en Nikolaj Medtner. Dêrfoaroer hat er net in protte wurdearring foar Mahler en Sjostakovitsj, dy't er "te depressyf" fynt. Ek Stravinsky jout er net folle om. Jazz, blues, reggae, countrymuzyk, popmuzyk en musical, beskôget er as "gedegenereerde rommel". Yn it haadstik De Daverdreun fan syn boek Mozart en de Anderen neamt er ien foar ien de beswieren op dy't er tsjin popmuzyk hat.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1971 - Stenen voor een ransuil - roman, pseudonym Martin Hart
  • 1973 - Ratten - stúdzje oer de biology fan de rôt, as Martin Hart.
  • 1973 - Ik had een wapenbroeder - roman
  • 1974 - Het vrome volk - ferhalen
  • 1976 - De kritische afstand - essays
  • 1976 - Natuurlijke historie - essays, mei Midas Dekkers
  • 1976 - Avondwandeling - ferhaal
  • 1977 - Mammoet op zondag - ferhalen
  • 1977 - Laatste zomernacht - novelle
  • 1978 - De som van misverstanden - essays
  • 1978 - Een vlucht regenwulpen - roman
  • 1978 - De dorstige minnaar - ferhalen
  • 1978 - De stekelbaars - wittenskiplike stúdzje
  • 1978 - A study of a short term behaviour cycle - proefskrift
  • 1979 - Ongewenste zeereis - essays en ferhalen
  • 1979 - De aansprekers - roman
  • 1980 - De droomkoningin - roman
  • 1981 - De zaterdagvliegers - ferhalen
  • 1982 - De vrouw bestaat niet - essays
  • 1982 - Alle verhalen
  • 1983 - De kroongetuige - roman
  • 1983 - Het eeuwige moment - essays
  • 1984 - De ortolaan - boekewykepresint
  • 1984 - Het roer kan nog zesmaal om - autobiografy
  • 1985 - De huismeester - ferhalen
  • 1985 - Ons leven - biografy
  • 1986 - De jacobsladder - roman
  • 1987 - De draagmoeder - ferhaal
  • 1987 - Het uur tussen hond en wolf - roman
  • 1988 - De steile helling - roman
  • 1989 - De unster - ferhalen
  • 1990 - Een dasspeld uit Toela - essays
  • 1991 - Onder de korenmaat - roman
  • 1992 - Een havik onder Delft - essays
  • 1993 - Het woeden der gehele wereld - roman; ferfilme, regisseur Guido Pieters.
  • 1994 - Du holde Kunst, over muziek - essays, ûnder oaren oer de kantates fan Johann Sebastian Bach.
  • 1996 - Het gebergte. De tweeënvijftig romans van S. Vestdijk - essays (mei Hugo Brandt Corstius)
  • 1996 - De nakomer - roman
  • 1997 - Wie God verlaat heeft niets te vrezen. De Schrift betwist - essays
  • 1998 - De vlieger - roman
  • 1999 - Mijn vaderstad: een literaire wandeling door het Maassluis van Maarten 't Hart
  • 1999 - De gevaren van joggen: dwarse boutades - kollums
  • 1999 - Een deerne in lokkend postuur: persoonlijke kroniek - autobiografy
  • 2000 - Johann Sebastian Bach - essays oer de komponist
  • 2000 - De stiefdochters van Stoof
  • 2002 - De bril van God. De Schrift betwist II - essays
  • 2002 - De zonnewijzer - roman
  • 2002 - Het meisje met de zwarte nagels - spesjale útjefte by gelegenheid fan it 40-jierrich jubileum as lid fan de Iepenbiere Bibleteek fan Leien
  • 2003 - De scheltopusik - novelle, ferskynd foar De Bijenkorf
  • 2004 - Lotte Weeda - roman
  • 2006 - Mozart en de anderen - essays oer muzyk
  • 2006 - Het Psalmenoproer - histoaryske roman
  • 2007 - Maassluis - novelle
  • 2007 - Het dovemansorendieet - Over zin en onzin van gewichtsverlies
  • 2009 - Verlovingstijd
  • 2010 - Dienstreizen van een thuisblijver - autobiografy
  • 2011 - Dienstreizen van een thuisblijver, autobiografy
  • 2012 - De groene overmacht
  • 2013 - De dorstige minnaar, ferhaal (oplage 50 eks.)
  • 2015 - Magdalena, roman
  • 2016 - De moeder van Ikabod & andere verhalen, ferhalen.
  • 2017 - De wereld van Maarten 't Hart, essays, ISBN 978-90-295-1465-1
  • 2018 - Johann Sebastian Bach, essays, fannijs besjoene fjirde druk fan dy út 2000
  • 2019 - De nachtstemmer, roman
  • 2021 - De toetssteen. Brieven over Vestdijk, yn'e mande mei Kees 't Hart

Underskiedingen en literêre prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maarten 't Hart is yn de fierte famylje fan kabaretier en sjonger Wim Sonneveld.[2]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Foar boarnen, noaten en referinsjes sjoch it Nederlânsktalige artikel: nl:Maarten 't Hart
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Maarten 't Hart fan Wikimedia Commons.
  1. https://www.nrc.nl/nieuws/2017/02/19/biesheuvelprijs-voor-maarten-t-hart-a1546679
  2. Maarten 't Hart en Wim Sonneveld zijn verre verwanten, webstee ratiovincit.nl