Maarssefeanske Plassen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Maarsseveense Plassen)
Maarssefeanske Plassen
Strân oan de kant fan Westbroek

De Maarssefeanske Plassen (Nederlânsk: Maarsseveense Plassen) is in rekreaasjeplasse yn Maarssefean, gemeente Stichtske Fecht, yn de provinsje Utert.

It rekreaasjegebiet bestiet út in ûngefear 2000 x 500 meter rjochthoekige rekreaasjeplasse dy't ûntstien is troch sânwinning yn de jierren 60 fan de foarige iuw foar de oanlis fan de Utertske wyk Overfecht. It tige skjinne wetter is op plakken oant 30 meter djip en der binne dan ek in pear dûkclubs aktyf. Dêrneist binne der in protte rekreative foarsjennings en op moaie simmerdagen lûkt it rekreaasjesintrum tûzenen besikers. Der binne twa strannen dêr't foar betelle wurde moat, ien dêrfan (yngong Westbroekse Binnenwei oan de noardside fan de plas) hat in ôfskieden neakenstrân. It grutste stik fan de plasse is lykwols frij tagonklik en hat in kar oan lisgreiden oan it wetter wêrûnder twa neakenstrantsjes (ek oan de noardkant fan de plasse) dy't op simmerske dagen tige populêr binne. Om de plasse rint in asfaltearre fuot/fytspaad dat in soad brûkt wurdt troch joggers, skaters, fytsers en wannelers. Der wurde ek geregeldwei hurddraafwedstriden hâlden. De lingte fan dit paad om de plasse is hast 5 km. Fûgels as it reidfinkje, de hjerringslynder en de swartkopmies binne te finen by de Plassen.

Berikberheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fertrek van de Maarssefeanske Plassen:

GVU busline 35 (riden mei in lyts buske) fertrekt oant sa. 19.30 oere fan meardere haltes oan de Gageldyk (ten súdwesten fan de plasse). Dêrnei kin mei GVU busline 6 fanôf Nebraskadreef, Utert, riden wurde.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]