Mûle-op-mûlebeademing

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Mûle-op-mûlebeademing
Masker mei pypke foar beademing: hygiënysk en effektyf


Mûle-op-mûlebeademing is in foarm fan keunstmjittich sykheljen, dy't as earste help tapast wurde kin by ien dy't net sels mear by steat is te sykheljen. Men blaast it slachtoffer lucht yn de longen, sadat dy syn bloed dochs soerstof krijt. Leafst blaast men de lucht troch in helpmiddel, lykas in beademingsmasker of -doekje, of in bûsdoek, om oerdracht fan besmetting sa goed mooglik te foarkommen.

Mocht mûle-op-mûlebeademing net slagje, dan kin men besykje mûle-op-noasbeademing ta te passen.

As it slachtoffer hoastjen giet of snoarklûden makket, wiist dat der op dat hy sels sykhelje wol. In positive hoastbui wurdt kenmerke troch de mooglikheid fan it slachtoffer ta sprekken of gûlen, en de moooglikheid om tusken twa hoastbuien yn te sykheljen. It slachtoffer moat dan fan tichtbij yn de gaten hâlden wurde.

It ûnfermogen om sels te sykheljen kin ferskate oarsaken hawwe:

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

In de Midsieuwen gie it der wat rûger om wei. Pasjinten by wa't it sykheljen stoppe waarden gisele, yn tûnen fan hichtes ôfrôle en efter in galoppearjend hynder bûn. Dit die men om te besykjen it minsklik lichem wer yn libben "skrikke' te litten. Yn de Twadde Wrâldoarloch waard mûle-op-mûlebeademing tapast yn it Amerikaanske leger.

Yn 1950 waard troch it Amerikaanske Reade Krúis in kampanje fierd om safolle mooglik Amerikaanske boargers te trenen. As útwreiding fan dizze trening ward yn 1960 rêdingsbrigadepersoneel treend yn mûle-op-mûlebeademing yn it wetter.

Yn 2007 publisearre de Lancet in stúdzje fan de SOS-KANTO groep[1]. Dizze Japanske wittenskippers ûntdekten dat yn it gefal fan in hertoanval hertmassaazje yn kombinaasje mei mûle-op-mûlebeademing mar yn 10% fan de gefallen bliek te resultearjen yn in pasjint sûnder substansjele harsensskea. Hertmassaazje by yndividuen mei in hertoanfal sûnder dat mûle-op-mûlebeademing tapast waard ferhege dit persintaazje ta 22%[2].

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. SOS-KANTO study group, "Cardiopulmonary resuscitation by bystanders with chest compressor only (SOS-KANTO): an observational study", The Lancet, 16 maart 2007
  2. Noorderlicht website De offisjele EHBO kombinaasje fan hertmassaaszje en mûle-op-mûle beademing blykt minder oerlibbenden op te leverjen as hertmassaazje allinnich 16 maart 2007