Mêstklimmen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Mêstklimmen op 6 july 2007 yn Akkrum

Mêstklimmen is it klimmen yn in skipsmêst dat as folkfermaak en wol yn wedstrydfoarm dien wurdt. Boppe yn de mêst hinget dan in priis.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Al yn 1497 waard skreaun oer in wedstryd mêstklimmen yn de Belgyske stêd Gint. Eartiids hongen siden spek of stikken fleis as priis boppe-yn de mêst. Op 14 oktober 1863 waard mêstklimmen dien ta gelegenheid fan de iepening fan it spoar fan Harns nei Ljouwert. Benammen skûtsjeskippers wienen betûfte mêstklimmers.

Technyk[bewurkje seksje | edit source]

Om de rjochterfoet wurde wol binnenbannen fan fytsen wuolle om mear fet op de mêst te hawwen mar benammen ta beskerming fan de foet. Der wurdt ek wol hars op spuite om noch better klimme te kinnen.

Iepen Frysk kampioenskip[bewurkje seksje | edit source]

Sûnt 1968 wurdt yn Akkrum it (Iepen) Frysk kampioenskip mêstklimmen hâlden op de earste sneon fan july. Ek minsken fan bûten Fryslân dogge hjiroan mei.

Nei de foar-omgongen begjinne de eigentlike wedstriden. Boppe-yn de mêst hinget in fytstsjil mei in soad pryskes. Foar begjinners wurdt dit tsjil wolris sakje litten.

De finale giet yn twa rondes: de tiidklim en de finaleomgong. Mei de mêst omklamme troch de skonken wurdt oant op hûndertsten mjitten hoe lang dielnimmers der oer dogge om boppe te kommen. De mêst hat in hichte fan 7.15 m.

De bruorren Anker joegen hjirby faak kommentaar, de boargemaster rikt nei ôfrin de prizen út. Ta gelegenheid fan it 40-jierrich bestean ferskynde yn 2008 in Mêstklim Jubileum Magazine.

Rekôrdhâlders[bewurkje seksje | edit source]

  • Famkes : Anje Bergsma - Earnewâld (2010) - 6.01 sek.
  • Jonges : Niek Roorda - Akkrum (1998) - 4.30 sek.
  • Froulju: Nynke Galema - It Heidenskip (1999) - 6.83 sek.
  • Manlju : Niek Roorda - Akkrum (2000) - 3.50 sek.

Promoasjeteam[bewurkje seksje | edit source]

It Mêstklim-promoasjeteam fersoarget op útnoeging demonstraasjes. Ek kin in mêst mei tabehear (opsetplaat, touwen, tsjil en belle) foar in evenemint hierd wurde.

Pealklimmen[bewurkje seksje | edit source]

It mêstklimmen hat in soad wei fan pealklimmen. It ferskil sit yn de diameter fan itjinge dêr't tsjinop klommen wurde moat. In peal is folle tinner as in mêst wêrtroch't de klimmer de peal mei de hannen omfetsje kin, lykas by fierljeppen. By in mêst kin soks net en moat folle mear mei de fuotten klom wurde.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]