Lytse Wite Reager

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lytse Wite Reager
Little Egret Reflection.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Eiberteftigen (Ciconiiformes)
Famylje: Reagerfûgels (Ardeidae)
soarte
Egretta garzetta
Egretta garzetta

De Lytse Wite Reager (Egretta garzetta) is in reager út it skift fan de Eiberteftigen.

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

De Lytse Wite Reager is in net al te grutte reager dy't hielendal wyt yn de fearren sit. De reager is mei 55 oant 65 sm in stik lytser as de Grutte Wite Reager. Neist it ferskil yn grutte is de Lytse Wite Reager ek wer te kennen oan syn skerpe swarte snaffel.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

It oarspronkelik briedgebiet fan de Lytse Wite Reager binne grutte sompen yn de waarme gebieten fan Europa, Aazje, Afrika en Austraalje. Yn de waarme gebieten is de fûgel it hiele jier troch oanwêzig. Yn it noardelik part fan syn fersprieding sa as Europa is it in trekfûgel dy't faaks yn Afrika of Súd-Aazje oerwinteret.
De fersprieding fan de Lytse Wite Reager wurdt steeds grutter. De fûgels komme ek al yn Amearika op in tal Karybyske eilannen en ek yn Suriname foar.
Ek nei it noarden ta fergrutsje de fûgels harren gebiet. Bygelyks yn de lannen fan West-Jeropa, sa as Nederlân komme de fûgels hieltiten faker ta brieden.

Iten[bewurkje seksje | edit source]

De Lytse Wite Reager beslúpt syn proai yn ûndjip wetter. Faak brûkt der syn teannen om syn proai mei triljende bewegings út harren skûlplakken te ferjeien. Hy yt fisk, kreeften en ynsekten.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

De Lytse Wite Reager briedt yn koloanjes, faaks mei oare reagers. Se meitsje meast in grut nêst fan tûken yn beammen of strûken. It wyfke leit 3 oant 5 aaien, dy't troch beide âlden útbret wurde. It brieden duorret 21-25 dagen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]