Lytse Wite Koalflinter

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lytse Wite Koalflinter
Kleiner Kohlweissling Pieris rapae 2.jpg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Koalflinters (Pieris)
soarte
Pieris Rapae

De Lytse Wite Koalflinter (Pieris rapae) is in soarte yn it skaai fan de Koalflinters (Pieris).

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

De Lytse Wite Koalflinter libbet yn tige ferskillende biotopen, lykas droechten, tunen, diken, blomrike greiden en boskrânen. De Lytse Wite Koalflinter is yn Fryslân tige algemien.

Flinter[bewurkje seksje | edit source]

De wjuklingte is 21-27 mm. It mantsje en it wyfke hawwe beide twa swarte plakjes op de foarwjukken. By it wyfke binne de plakken in bytsje grutter.

Fleantiid[bewurkje seksje | edit source]

De flinter is te sjen fan begjin april ôf oant ein juny, en begjin july oant heal augustus. Dat jildt foaral foar de twadde helte fan juny. De Lytse Wite Koalflinter fleant soms yn trije en soms sels yn fjouwer oerrinnende generaasjes.

Rûp[bewurkje seksje | edit source]

De rûp kin 30 mm lang wurde. It liif is blau-eftich grien en bedutsen mei fine, lytse swarte stipkes. De gruttere rûp fret foaral út it hert fan de Koalplant; sadwaande kin er grutte skea feroarsaakje. Túnkers binne dan ek net wiis mei dizze rûp. De groei fan de rûp fynt foaral plak yn de simmer. De rûp ferpopket him meastentiids ûnder in keunstmjittich dakje fan stiennen of planten. Der oerwinterje gjin flinters, allinnich poppen.

De rûp fret in soad Krúsblommigen lykas Koal, Damastblom, Wyld Koalsied, Dúnkoalsied, Radys, Pinksterblom, Judaspeinje, Wylde Reseda en Giele Reseda.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]