Lytse Tuorrebout
Ut Wikipedy
| Lytse Tuorrebout | ||||||
|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||
|
||||||
| soarte | ||||||
| Typha angustifolia |
De Lytse Tuorrebout (Typha angustifolia) is in skaai yn de Tuorrebout (famylje). De Lytse Tuorrebout komt foar oan wâlkanten, op sompen en yn reidlannen en is geskikt om yn middelgrutte of grutte fivers te plantsjen.
Dizze soarte hat slanker blêd as syn grutte broer, de Grutte Tuorrebout (Typha latifolia). Yn hichte ûntrint de lytse tuorrebout de grutte net safolle. In hichte fan twa meter is berikber. Yn juny/july bloeie alle soarten tuorrebouten mei manlike en froulike ljochtbrune ieren, dêr't de blommen oan sitte. By rypheid binne de froulike ieren gieleftich oant grieneftich. De froulike blommen sitte yn 'e oksels fan de lytse skutblêden.
Sjoch ek [bewurkje seksje]
Keppeling om utens [bewurkje seksje]
- SoortenBank.nl-side - Lytse tuorrebout (Nederlânsk)
| Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Typha angustifolia en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten. |