Lytse Hûskes

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Kleine Huisjes (Grinslânsk: Lutje Hoeskes) is in plak yn de gemeente De Marne yn Grinslân. Kleine Huisjes hat sa'n 90 ynwenners (1-1-2008).

Kûmboerd Kleine Huisjes.

It doarpke, likernôch oardel kilometer benoardeasten fan Kleasterbuorren, is yn de 19e ieu ûntstien. De húskes waarden bewenne fan boerearbeiders dy't harren wurk hienen yn de doe oanleine (kwelder)polders, de Bokumerpolder, de Ikemapolder en de Negenboerenpolder, allegearre benoarden it doarp.

De by de polders hearrende pleatsen binne: Oud Bokum, Nieuw Bokum, Ikema en Feddemaheerd.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen