Lytse Fjoerflinter

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lytse Fjoerflinter
Lycaena phlaeas1.jpg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Reachwjukflinters (Lycaenidae)
soarte
Lycaena phlaeas

De Lytse Fjoerflinter (Lycaena phlaeas) is in soarte yn it skaai fan de Lycaena.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

De Lytse Fjoerflinter is in algemiene stânflinter, mar wurdt meastal net yn grutte oantallen oantroffen. Faak is er te finen op droege greiden en heide. De flinter is honkfêst.

Op de reade list stiet de flinter as net bedrige.

Flinter[bewurkje seksje | edit source]

De boppekant fan de flinter is altyd oranje mei ûnregelmjittige swarte plakjes. De ûnderkant is griisbrún mei lytse plakjes. Yn Fryslân wurde alle jierren flinters sjoen wêrby it oranje ferfongen is troch ljochtgiel of wyt.

Fleantiid[bewurkje seksje | edit source]

Heal april - ein juny, en begjin july - ein oktober, foaral 5 - 20 augustus. De lytse Fjoerflinter fleant yn twa generaasjes, soms yn trije generaasjes.

Rûp fan de Lytse Fjoerflinter.

Rûp[bewurkje seksje | edit source]

De rûp kin 20 mm lang wurde. It liif is donkergrien mei in readbrune streek oer de rêch. De rûp is bedutsen mei lytse wite wartsjes mei dêrop koarte donkere hierkes. De kop is lyts en brún. De rûp is meastal te finen oan de ûnderkant fan de blêden. De rûp fret in lyts laachje fan it blêd, wêrtroch besette blêden goed wer te kennen binne oan it trochfallende ljocht.

De rûp fret fan de Lytse Surk en de Soere Surk.

Lytse Fjoerflinter.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]