Springe nei ynhâld

Lytse wite koalflinter

Ut Wikipedy
lytse wite koalflinter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje wytflinters (Pieridae)
skaai koalfinters (Pieris)
soarte
Pieris rapae
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

De lytse wite koalflinter (Pieris rapae) is in soarte yn it skaai fan de Koalflinters (Pieris).

De lytse wite koalflinter libbet yn tige ferskillende biotopen, lykas drûchten, tunen, diken, blomrike greiden en boskrânen. De Lytse Wite Koalflinter is yn Fryslân tige algemien.

De wjuklingte is 21-27 mm. It mantsje en it wyfke hawwe beide twa swarte plakjes op de foarwjukken. By it wyfke binne de plakken in bytsje grutter.

De flinter is te sjen fan begjin april ôf oant ein juny, en begjin july oant heal augustus. Dat jildt foaral foar de twadde helte fan juny. De Lytse Wite Koalflinter fleant soms yn trije en soms sels yn fjouwer oerrinnende generaasjes.

De rûp kin 30 mm lang wurde. It liif is blau-eftich grien en bedutsen mei fine, lytse swarte stipkes. De gruttere rûp fret foaral út it hert fan de Koalplant; sadwaande kin er grutte skea feroarsaakje. Túnkers binne dan ek net wiis mei dizze rûp. De groei fan de rûp fynt foaral plak yn de simmer. De rûp ferpopket him meastentiids ûnder in keunstmjittich dakje fan stiennen of planten. Der oerwinterje gjin flinters, allinnich poppen.

De rûp fret in soad Krúsblommigen lykas Koal, Damastblom, Wyld Koalsied, Dúnkoalsied, Radys, Pinksterblom, Judaspeinje, Wylde Reseda en Giele Reseda.