Lukayan
Ut Wikipedy
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
De Lukayanen wienen in Arawaaks folk dy't de Bahama's befolken yn de tiid dat Kristoffer Kolumbus' arrivearre (12 oktober 1492). Oarspronklik kamen de Lukayanen út Súd-Amearika, en sy setten harren benammen op eilannen Grand Bahama en New Providence te wenjen. Argeologyske fynsten fan Lukayanen delsettings binne ek fûn op Andros, Abakos, en oare lytse eilannen. [1] Der wurdt fan útgien dat sy de earste Yndianen folk wienen dêr't de Spanjerts mei yn oanrekking kamen.
Foardat Kolumbus arrivearre wennen der om-ende-by 20.000 Lukayanen, mar troch slavernij, sykten en oar lijen brocht mei de komst fan de Jeropeanen, wienen sy by 1517, al útstoarn.