Lusius Aproanius

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Lucius Apronius")
Gean nei: navigaasje, sykje

Lusius Aproanius wie in Romeinske befelhawwer en senator yn de 1e ieu. Hy wie legaat yn Dalmaasje en Germaanje en waard troch Germanikus oansteld om brêgen en wegen te ferdigenjen yn syn fjildtocht tsjin de Sjatten. Aproanius die syn wurk sa goed dat hy promoasje makke en prokonsul waard yn Afrika. Hjir waard hy konfrontearre mei de al in skoftlang duorjende opstân fan Takfarinas.

Hy holp Olennius tsjin de Friezen út Westergoa. Apronius ferlear de Slach by it Baduhennawâld yn 28.