Lucas Poppinga

Ut Wikipedy
Lucas Poppinga

Lucas Poppinga (Koudum, 4 april 1895 - Noarch, 27 oktober 1979) wie in Nederlânsk politikus fan de Anti-Revolúsjonêre Partij.

Poppinga waard berne yn Koudum as soan fan Jan Poppinga en Dieuwke Hoogeboom. Hy is benammen bekend as boargemaster fan in oantal Fryske stêden. Hy wie efterinoar boargemaster fan Starum (1921-1930), It Bilt (1930-1937) en Snits (1937-1945). Ien fan de meast taastbere foarfallen út it ûnthâld oan syn boargemastserskip yn Snits is it Frysk Skipfeart Museum, dat op oanstean fan Poppinga stifte waard. Syn amt yn Snits waard lykwols tusken 1941 en 1945 útoefene troch Jacob Schut, dy't nammens Seyss-Inquart oansteld wie as boargemaster.

It grêf fan Lucas Poppinga is op it Algemiene Begraafplak fan Heemstede.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: