Louw de Graaf

Ut Wikipedy
Louw de Graaf in 1979

Louw de Graaf (De Koaten/Koatstertille, 12 april 1930 - It Hearrenfean, 15 july 2020) wie in kristen-demokratysk politikus.

Hy wie in soan fan winkelman Menze de Graaf en Janna Kuperus. Hy gie nei de mulo yn Bûtenpost (oant 1946) en nei de hbs, mar makke dy lêste skoalle net ôf.

Hy 'groeide op' yn de ARJOS (Anti-Revolutionaire JOngeren Studieclubs) en it CNV. As steatssekretaris fan Sosjale Saken yn it earste kabinet-Van Agt paste er de bernetaslachregelingen oan. Yn de kabinetten-Lubbers (I en II) fierde er, nettsjinsteande syn fakbûnsferline, in strang besunigingsbelied, wêrtroch't de sosjale sekerheid bot soberder waard. Yn 'e mande mei minister De Koning (CDA) brocht er de stelselwersjenning sosjale sekerheid ta stân. Hy wie twaris in skoftke minister. Yn 'e mande mei minister Elco Brinkman skafte er de BKR (Byldzjende Keunstnersregeling 1949-1987/1992) ôf.

Nei syn ôfgean yn 1989 waard er foarsitter fan de Sikefûnsried en fan it Kolleezje foar Soarchfersekeringen (CVZ). De Graaf behearde ta de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân, dy't yn 2004 opgien binne yn de Protestantske Tsjerke yn Nederlân. Letter waard er ateïst.

De Graaf stoar yn de âldens fan 90 jier. Hy waard beïerdige yn Jistrum[1].

Ridderoarders[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Deaberjocht Frysk Deiblêd, 24 juny 2020