Louis Leakey

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Louis Leakey

Louis Seymour Bazett Leakey (Kenia, 7 augustus 1903 - 1 oktober 1972) wie in Britsk argeolooch en paleontolooch waans wurk yn Afrika in protte bydroegen oan it ûndersiik nei de minsklike evolúsje op dat kontinint.

Jeugd en wurkpaad[bewurkje seksje | edit source]

Leakey is hikke en tein yn Kenia. Syn jeugd brocht hy in protte troch mei Afrikaanske jagers, dêr't hy mei boarte doe't hy noch lyts wie en dy't him letter jeien learden. Hy learde ek rinnen op de wize fan de Kikuyu en spruts harren taal likegoed as it Ingelsk. Doe't hy 13 wie, ûntduts er hiel tafallich in tal stikken stiennen ark — dêrmei sette syn libbenslange passy foar de prehistoarje útein.

Hy studearre oan de Universiteit fan Cambridge, dêr't hy yn 1926 klear mei wie. Yn de Oldupaikleau en op it Rusinga-eilân ûntduts hy ferskillende minsklike en protominsklike skeletten (of dielen dêrfan), sadat in dúdlik byld ûntstie fan de iere stambeam fan de minskheid. Ta syn protte, bysûndere ûntdekkingen heare 'Zinjanthropus' (yn 1959), in flinkee minskeftige, hokker bestean in oanwizing is foar de grutte kompleksiteit fan de evolúsjonêre eftergrûn fan de minsken.

Leakey's Ingeltjes[bewurkje seksje | edit source]

In grut part fan Leakey's neilittenskip bestiet út de rol dy't hy spile by it oantrunen ta mear fjildwurk yn it ûndersiik nei primaten yn harren natuerlike habitat; Leakey beskôge dat soart ûndersiik as de kaai ta it oplossen fan de mystearjes fan de minsklike evolúsje. Leakey keas dêrfoar trije froulike ûndersikers út – letter bekend as "Leakey's Angels" – dy't elts foar harsels útwaakse soenen ta grutte nammen op it mêd fan primateûndersyk. Yn 1957 waard Jane Goodall de earste fan de trije, doe't sy oan har earste fjildstúdzje nei sjimpansees en harren kultuer begûn yn it Tanzaniaanske Gombe Stream National Park. Yn 1967 folge Dian Fossey, dy't ûndersiik die nei de berchgorilla's op de Virungafulkanen yn Rwanda. Yn 1971 kaam Biruté Galdikas by de trije, doe't sy begûn oan in stúdzje nei orang-oetans yn de jungle fan Borneo.

Bekende famyljeleden[bewurkje seksje | edit source]

Leakey wie boaske mei Mary Leakey, dy't nei alle gedachten de grutste ûntdekking die út de skiednis fan paleontology: de Laetoly fuotspoaren yn Tanzania. Dy fuotspoaren, ôfprinte yn fulkanyske jiske, binne de âldst bekende spoaren út it ferline fan de twafuotige foarrinners fan de minske.

Leakey wie ek de heit fan de paleoantropolooch Richard Leakey en de pake fan paleontologe Louise Leakey, frou fan prins Emmanuel de Merode. Leakey's neef, Rea Leakey, wie in Britske tankkommandant yn de Twadde Wrâldkriich.

Dea[bewurkje seksje | edit source]

Leakey stoar yn 1972, troch in hertoanfal. Hy wie doe 69 jier.