Lou Tellegen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lou Tellegen (1916)

Lou Tellegen (Sint-Oedenrode, 26 novimber 1883Hollywood, 29 oktober 1934) wie in Nederlânsk-Amerikaansk akteur en regisseur. Hy naam yn 1918 de Amerikaanske nasjonaliteit oan. Syn súksessen foelen yn it tiidrek fan de stomme film.

Libben en wurk[bewurkje seksje | edit source]

Isidore Louis Bernard Edmon van Dommelen wie it ûnechte bern fan leutenant Isidore Louis Bernard Edmon Tellegen (1836–1902) en Anna Maria van Dommelen.

Yn 1903 ferfarre er fan Sint-Oedenrode nei Amsterdam om akteur te wurden. Dat slagge en op in stuit waard er útnoege foar in optreden yn Parys. Dêr spile er ferskate rollen njonken Sarah Bernhardt, mei wa't er ek in ferhâlding krige. Yn 1910 makke er syn filmdebút neist Bernhardt yn La dame aux camélias, in stomme film basearre op in stik fan Alexandre Dumas, fils.

Yn 1910 gie er mei Bernhardt nei de Feriene Steaten, dêr't The New York Times harren oansteande houlik kundich makke, mar it berjocht letter wer ynluts (sy wie 37 jier âlder as him). Werom yn Frankryk makken hja yn 1912 harren twadde film, Les Amours de la reine Élisabeth en it jier dêrnei Adrienne Lecouvreur.

Simmers 1913 gie Tellegen nei Londen dêr't er yn it stik The Picture of Dorian Gray fan Oscar Wilde spile dat er ek produsearre. Fannijs útnoege yn de Feriene Steaten makker er syn yn 1915 earste Amerikaanske film, The Explorer, dy't folge waard troch The Unknown, beide mei aktrise Dorothy Davenport. Meidat er as ien fan de meast kreaze filmakteurs beskôge waard koenen der noch trije films folgje. Geraldine Farrar, oarspronlik in ferneamde operadiva die der ek yn mei. 1916 boaske er Farrar, dy't oars al in ferhâlding hie mei de Dútske kroanprins Wilhelm fan Dútslân.

Tellegen syn houlik mei Farrar rûn op'e non yn 1923. Tellegen hat fjouwer kear troud west, it earst mei in grevinne yn 1903, twads mei Farrar yn 1916.

Lettere karriêre en dea[bewurkje seksje | edit source]

Tellegen wie te sjen yn tal fan films eardat syn antlit troch in brân skeind waard. Ien fan syn meast opmerklike rollen wie dy fan in minnenien yn John Ford syn western 3 Bad Men (1926) dy't in wite hoed op hie ynstee fan in swarte sa't wenst wie foar de boef. Stadichoan ferblikke syn stjer, wurk bleau út en hy rekke fallyt. Ek waard der kanker by him fêststeld, mar dat waard him net sein, en hy waard mismoedich. Yn 1931 skreau er syn autobiografy Women Have Been Kind.

Op 29 oktober 1934 sluet Tellegen him op yn de badkeamer, dêr't er him skearde en it gesicht bepoeiere it. Dêrnei die er selsmoard troch himsels sânris mei in skjirre te stekken wylst er foar in grutte spegel, dêr't er himsels fan top oant tean yn sjen koe, stie. De media dûkten massaal op de saak.

Filmografy (karút)[bewurkje seksje | edit source]

  • 1911: La dame aux camelias
  • 1917: The black Wolf
  • 1917: The long trail
  • 1924: Between Friends
  • 1925: The Verdict
  • 1926: 3 Bad Men
  • 1926: Sibearje
  • 1935: Together we live

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]