Lou Geels

Ut Wikipedy
Lou Geels
akteur
Lou Geels as Bromsnor, 1972
Lou Geels as Bromsnor, 1972
persoanlike bysûnderheden
echte namme Pierre Louis Antonie Geels
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 18 maart 1908
berteplak Rotterdam
stoarn 8 juny 1979 (71 jier)
stjerplak Roelofarendsfean


Pierre Louis Antonie (Lou) Geels (Rotterdam, 18 maart 1908 - Roelofarendsfean, 8 juny 1979) wie in Nederlânsk akteur en dûnser.

Lou Geels folge in horeka-oplieding, mar sette mei syn wurkpaad útein as dûnser. Hy reizge de wrâld rûn as ien fan it dûnspear 'The Yellows'. Yn dy snuorje begûn er ek op it toaniel, ûnder oaren yn "Onder een dak" en "De schipper van de Neeltje Jacoba". Hy waard earst lanlik bekend troch syn rol as boade Bulthuis yn Stadhuis op stelten.

Begjin jierren 40 hie er in eigen selskip dat kabaret en operette brocht. Yn dy tiid wurke er ûnder oaren gear mei syn frou Lyla Ebben, Mabesta en Mary Smith.

Yn 1951 waard him frege om lieding te jaan oan it Haagse Gezelschap fan Jacques van Bijlevelt. Doe't dit selskip nei tsien jier ophold te bestean lei er him meast ta op telefyzje. Yn 1958 spile er mei yn de Nederlânske spylfilm Dorp aan de rivier fan Fons Rademakers.

Fan 1960 ôf spile er de rol fan fjildwachter Bromsnor yn de rige Swiebertje. Ek doe't de rige einige wie (1975) trede er noch wol op as Bromsnor yn berneprogramma's, sa as yn it troch himsels skreaune toanielstik "Bromsnor slaat een flater".

Geels stoar mei 71 jier oan longkanker. Inkele dagen foar syn dea waard er noch riddere yn de Oarder fan Oranje Nassau. Hy kaam te hôf yn Roelofarendsveen.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Telefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Arme Adam (KRO, 1956/57)
  • Het bittere hart (KRO, 1956/57)
  • De eerbiedige lichtekooi (VARA, 1956/57)
  • Gat in de muur (VARA, 1956/57)
  • Portret van een vrouw (AVRO, 1956/57)
  • Ten minutes alibi (KRO, 1956/57)
  • De weg naar het hart (KRO, 1956/57)
  • Diamantstad (VARA, 1957/58)
  • Is liefde blind? (KRO, 1957/58)
  • De laatste nacht (KRO, 1957/58)
  • De opgaande zon (VARA, 1957/58)
  • De schipper van de Maartje Jacoba (KRO, 1957/58)
  • Wedden mylord? (VARA, 1957/58)
  • Ze kregen wat ze wilden (KRO, 1957/58)
  • Driestuiversopera (1960/61)
  • Swiebertje (tf-rige) (1960-1975) - Bromsnor
  • Stadhuis op stelten (1962–1966)
  • Drie is te veel (1964/65)
  • Dynastie der kleine luyden (1974/75)

Film[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]