Lombok (eilân)

Ut Wikipedy
Lizzing Lombok yn Yndoneezje
Topografy Lombok
De fulkaan Gunung Rinjani fan Gili Trawagan ôf sjoen

Lombok (113 km x 81 km) is in Yndonesysk eilân dat ta de Lytse Soenda-eilannen heard. It leit yn de Yndyske Oseaan eastlik fan Baly en bewesten Soembawa. Lombok hat in oerflak fan 4725 km² en telt 2,4 miljoen ynwenners. De haadstêd is Mataram. De stêd hat sa'n 360.000 ynwenners en leit oan de westkant fan it eilân. Senggigi, healweis Mataram en de Gili-eilannen. Lombok is wat lytser as Baly, is ek minder toeristysk en de befolking is dêr earmer.

De op twa nei heechste fulkaan fan Yndoneezje, de Gunung Rinjani, leit op Lombok en hat in hichte fan 3726 meter.

Lombok wurdt yn it westen fan Baly skieden troch de Strjitte Lombok en yn it easten fan Soembawa troch de Strjitte Alas.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lombok wie iuwenlang part fan it Balineeske ryk. De ferovering troch Nederlân yn 1894 en it neikommende bloedferjitten wurdt de Pasifikaasje fan Lombok neamd. Sûnt de ûnôfhinklikens fan Yndoneezje op 17 augustus 1945 is Lombok in ûnderdiel fan dat lân.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grutste befolkingsgroep fan Lombok binne de Sasak mei 85 % fan de totale befolking; 10-15 % fan de befolking bestiet út Balinezen en minderheden fan Sinezen, Arabieren, Javanen en Soembawanen. De foarnaamste taal op Lombok is it Sasak. Yn de haadstêd Mataram en it kustgebiet rûnom wurdt ek wol Balineesk sprutsen. De grutste religy op Lombok is de islam.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Commons Commons: Lombok – foto, fideo en harktriemmen