Loftwachttoer

Ut Wikipedy
Loftwachttoer 8L3 tusken Linne en Montfort yn Limburch
Binnenkant fan loftwachttoer 7O1 yn Warfhuzen
Loftwachttoer Aldemardum

In loftwachttoer wie yn de jierren '50 en '60 fan de 20e iuw in útkykpost dy't yn Nederlân troch it Korps Luchtwachtdienst (KLD) brûkt waard foar it ôfsykjen fan de loft boppe Nederlân nei Russyske fleantugen yn de tiid fan de Kâlde Oarloch. De radarapparatuer wie destiids noch ûngaadlik foar it waarnimmen fan flugge, leechfleanende fleanmasines. De KLD wie derop rjochte om fleantugen oant 1500 meter hichte waarnimme. Dêrfoar waard in netwurk fan loftwachttuorren opboud.

De loftwachttuorren wiene ûnderdiel fan in netwurk fan 276 útkykposten ferspraat oer gâns Nederlân. Der wiene 138 posten op besteande gebouwen, lykas op mûnen en fabriken en 138 yn de jierren 1950 spesjaal foar dat doel boude lossteande tuorren.

Fan de 138 loftwachttuorren dy't boud waarden binne noch 19 oer. In pear dêrfan hawwe wilens de status fan beskerme monumint (ryksmonumint, gemeentlik monumint of provinsjaal monumint).

Boukonstruksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Sintrale Bouburo fan Sjeny (Centrale Bouwbureau der Genie) waard belêste mei it ûntwerpen en bouwen fan de spesjale tuorrenoren. In toer fan beton wie sawol finansjeel, goedkeap en lege ûnderhâldskosten, as technysk besjoen it meast gaadlik. De kar foel op in systeem fan prefabrisearre betonnen raatboueleminten, dat ûntwikkele wie troch de NV Raatbouw, yn 1950 oprjochte troch arsjitekt Marten Zwaagstra, en de NV Schokbeton.

In standert raatboutoer bestie út in fundearring, dêr't fjouwer fertikale betonnen balken op delset wiene, dy't om de twa meter ferbûn wiene troch horizontale balken. De raatboueleminten waarden dêrtusken mei galvanisearre bouten fêstmakke. It brûken fan prefab eleminten betsjutte in koarte boutiid. In oar foardiel wie dat by in mooglike demontaazje fan de toer de eleminten opnij brûkt wurde kinne soene yn magazyn- of wenningbou.

De produksje en de bou fan de loftwachttuorren waarden útbestege oan Schokbeton. Yn de hjerst fan 1951 waard útein set mei de bou dy't oant de ein fan de jierren fyftich duorre. Der wiene 23 farianten mooglik, fan 4 oant 32,5 meter heech, hieltyd mei in ferskil fan 1,14 m. Dy lêste maat waard bepaald troch trije "betonraten", elk 35 sintimeter grut. De hichte yn sentimeters (rekkene oant de flier fan de observaasjekabine ta. dat net de totale hichte) waard ek brûkt foar de type-oantsjutting fan de toer. Tuorren dy't heger wiene as type 19,06 m krigen ûnder op 'e hoeken steunbearen. De ûnderste acht "raten" fan de toer en de steunbearen waarden oan de bûtenkant betegele, om foar te kommen dat de toer beklommen wurde koe. Boppe op de toer wie it iepenloft-observaasjeplatfoarm fan 3 by 3 meter mei in 1,5 meter hege boarstwarring. Dy wie rûnom betegele om de bemanning te beskermjen. Oan de súdwestkant fan dit útsjochplatfoarm wie in oerdutsen skûlnis. Yn de midden fan it útkykplatfoarm stie it loftwachtynstrumint opsteld. It bestie út in gridtafel, mei in kaart fan 'e omkriten mei de posysje fan de toer yn it midden dêrfan en de lokaasjes fan de oanbuorjende loftwachtposten derop. Dêr wie in statyf mei fizier en (losse) kiker en in oanwiisnulle op set. Mei waarnimmingen fan trije tuorren/posten waard troch trijehoeksmjitting de posysje fan it waarnommen fleantúch fêststeld.

Om de hichte en dêrmei de kosten fan de tuorren te beheinen, waarden se it leafst boud op heuvels, diken en wâlen. De tuorren stiene meast yn de buert fan doarpen of oare wenkearnen sadat de frijwilligers hurd mei de fyts by de toer komme koene. De tuorren waarden ek gauris lâns of yn in boskrâne set; der omhinne waarden beammen plante, dat tsjinne as kamûflaazje.

Gebrûk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Plakken fan noch oanwêzige loftwachttuorren yn Nederlân

It hiele netwurk hat nea yn in oerlochssitewaasje funksjonearre. Troch de yntroduksje fan de strieljager en radar wie it obervaasjesysteem, dat feitlik basearre wie op de tastân fan 1940, rillegau efterhelle. Yn 1964 waard it KLD bot ynkrompen, wêrnei't allinne yn it noarden noch in tal loftwachtgroepen bestean bleaune. Yn juny 1968 waard it KLD opheft. Sa'n tsien loftwachttuorren waarden oerdrûgen oan de Beskerming Befolking (BB), dy't se brûkten foar it lokalisearjen fan in mooglike ynslach fan in atoombom. By dy tuorren bunkers boud ornearre as skûlplak foar fjouwer persoanen tsjin radio-aktive delslach. Yn 1980 waarden ek dy tuorren ôfstjitten.

Yn de jierren dat it netwurk funksjonearre waard ien Russysk fleantúch waarnommen; yn 1958 waard op lofttoer Linne by it Limburchske Montfort in fleantúch sjoen, dat meidien hie oan in Frânske fleanshow en op de weromreis nei de Sovjet-Uny mei opsetsin fan de koers ôfwykt wie om in stik grinsgebiet te fotografearjen.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Kruidenier, M. (2007), Militair erfgoed Categoriaal onderzoek wederopbouw 1940-1965. Zeist: Rijksdienst voor Archeologie, Cultuurlandschap en Monumenten Pdf dokumint
  • Lochem-van der Wel, S. en H. van Lochem (2003), Luchtwachttorens, zeldzaam militair erfgoed uit de Koude Oorlog. Yn: Saillant, 2003 nr. 3, s. 18-25
  • Lochem-van der Wel, S. en Lochem van, H. Luchtwachttorens, militair erfgoed uit de Koude Oorlog, Historisch geografisch tijdschrift, fol. 18 (2000), ôfl. 3, s. 73-86
  • Sakkers, H. (1989), Luchtwachttorens in Nederland: industrieel erfgoed uit de Koude Oorlog, 32 s., Middelburch: Stichting Natuur- en Recreatieinformatie. ISBN 9789072146106

Keppelingen om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: