Loerdes

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Loerdes (Frânsk: Lourdes) is in stêd yn it departemint Hautes-Pyrénées yn Frankryk. It is de grutste katolike beafeartsplak yn Frankryk. It leit yn it suden fan it lân yn de útrinners fan de bergen fan de Pyreneeën en der wenne om-ende-by 17.000 minsken.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1858 ferklearre Bernadette Soubirous, in yn dy tiid 14-jierrich famke, dat sy tusken 11 febrewaris en 16 july ferskate kearen ferskiningen fan Maria, de mem fan Jezus sjoen hie yn de Grot fan Massabielle.

Yn 1864 waard der in stânbyld oprjochte ta eare fan Us-Leaffrou fan Loerdes op it plak dêr't de ferskiningen barden. Ek waard der in kapel boud dy't al gau te lyts wie. Dy soe letter as krypte tsjinje foar de earste basilyk, de Basilyk fan de ûnbeflekte ûntfangenis. Yn de rin fan de tiid waarden hjir noch twa basiliken by boud en ferskate oare gebouwen, dy't tsjintwurdich allegearre diel útmeitsje fan it hillichdom fan Us-Leaffrou fan Loerdes.

Bernadette Soubirous gie letter yn it kleaster en waard hillich ferklearre yn 1933.

Genêzingen[bewurkje seksje | edit source]

Yn de rin fan de skiednis hat de Roomsk-Katolike Tsjerke ferskate wûnderbaarlike genezingen erkend. Hjirfoar waard yn 1905 it Buro fan de medyske fêststellings en yn 1947 it Ynternasjonaal Medysk Komitee fan Loerdes oprjochte. Op 11 novimber 2005 waard troch de Fatikaan de 67e offisjele wûnderbaarlike genêzing erkend.

Beafearten[bewurkje seksje | edit source]

It hiele jier troch, mar benammen fan maart oant oktober, komme pylgers út hiel Jeropa, en fan oer de hiele wrâld, nei it hillichdom om der te bidden en harren te laven oan it saadswetter dêr't heilsume kwaliteiten oan tadichte wurde.

Foto's[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]