Lockheed T-33

Ut Wikipedy
Lockheed T-33


Rol treningsfleanmasine
Makker Lockheed
Untwerper Clarence "Kelly" Johnson
Earste flecht 22 maart 1948
Yn tsjinst 1949
Ut tsjinst 31 july 2017 (Boliviaanske Loftmacht)
Tal makke 6.557 (1948–1959)
Grutste brûkers United States Air Force, United States Navy, Japanske Selsferdigeningsleger, Dútske Loftmacht
Farianten Lockheed T2V SeaStar, Canadair CT-133 Silver Star
In Lockheed T-33 yn Reno, Nevada yn 2004
De noch ienfâldige cockpit fan de T-bird

De Lockheed T-33 Shooting Star is in trainingsfleanmasine mei strieloandriuwing, in ûntwerp fan de Amerikaanske firma Lockheed, dy't it tastel boude fan ein jierren '40 oant de ein fan de jierren '50 (20e iuw). Der binne hast 7000 fan de betroubere T-33's makke. It tastel tsjinne yn de rin fan 'e tiid yn de loftmachten fan mear as 80 lannen dêr't de Keninklike Loftmacht (Klu) ek ûnder wie. Oant yn de jierren '80 wie de T-33 noch troch de loftmachten fan ferskate lannen yn gebrûk.

Der binne noch tsientallen loftweardige T-33’s yn de wrâld; faak binne sy no partikulier besit. De oare noch oerbleaune eksimplaren binne útstald yn museums, by de yngong fan fleanfjilden of loftfeartskoallen en sa.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De T-33 waard ûntwikkele út de Lockheed P-80/F-80. Troch it ferlingen fan de romp ûntstie romte foar in ekstra stoel, ynstruminten en dûbele betsjinning. It tastel - doetiids bekend as T-33A - fleach foar 't earst yn 1948, dêrnei wie it yn produksje fan 1948 oant 1959.

De Amerikaanske marine, brûkte it tastel fan 1949 ôf ûnder de namme TV-2 trainer en werneamde it nei 1962 yn T-33B.

It die bliken dat de twasits T-33 in tige goed trainingstastel wie, mar it waard ek brûkt foar it tôgjen fan loftdoelen. Guon T-33’s waarden mei masinegewearen útrist foar it oefenjen fan loftgefjochten en yn inkele lannen waard de T-33 sels as jachtfleantúch brûkt.

De RT-33A ferkenningsferzje waard yn haadsaak eksportearre en hie in noaskamera en ekstra apparatuer op it plak fan de twadde stoel.

Yn Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan augustus 1952 to/m juny 1972 hat de T-33 by de Keninklike Loftmacht (Klu) tsjinne en wie bekend ûnder de namme T-bird. It wie in bekende ferskining boppe Nederlân mei syn skel oranje noas en tiptanks.

De T-33 waard eartiids oan ferskate NAVO-lannen, ek Nederland, fergees levere yn it ramt fan it Mutual Defense Aid Program. Totaal binne 60 T-33A’s en trije RT-33A’s oan de KLu levere.

Yn augustus 1952 waarden de earste tastellen foar de Basisvlucht fan fleanbasis Volkel ôflevere – better bekend as de Jachtvliegschool II – it lettere 313 Squadron. De ein fan de T-33 by de KLu kaam op 9 juny 1972 doe't de M-11 fan de TVO de lêste offisjele flecht makke. It 313 Squadron wie wilens al oergien op de Northrop F-5.

De KLu brûkte neist de standert T-33A fan 1953 ôf ek in pear RT-33A fotoferkenners by it 306 (fotoferkennings) Squadron. Doe't de RF-84F Thunderflash yn tsjinst naam waard, waard de fotoapparatuer lykwols fuorthelle en kamen se as iensitter by it 313 Sqn.

Lannen dêr't de T-33 tsjinne hat

De T-33 hat yn de KLu by de neifolgjende ienheden tsjinne:

  • Basisflecht Volkel/Jachtfleanskoalle II,
  • 306 Squadron,
  • 313 Squadron,
  • jachtfleanoplieding (JVO),
  • transysje flean oplieding (TVO)

Stuntteam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Keninklike Loftmacht hie yn de jierren '50, op de fleanbasis Woensdrecht in eigen stuntteam, dat earst mei de Gloster Meteor fleach, en harke nei de radiocall Whiskey. Dit út fiif man (vier piloaten en in reserve) besteande team fleach fan juny 1956 ôf. Doe't yn 1959 op de T-33A oergien waard krige it team in nije namme, Whiskey-Four. It jier 1965 waard in rampjier foar it team; op de thúsbasis Woensdrecht ferûngemakken twa T-33’s, de M-46 en de M-57. De fleanders kaptein Ruud Liem en kaptein Hans Sommer ferlearen it libben.

Spesifikaasjes (T-33A)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • bemanning; 2
  • spanwiidte: 11.5 m
  • lingte: 11.2 m
  • hichte: 3.3 m
  • leechgewicht: 3,775 kg
  • maks. gewicht om fleane te kinnen: 6.865 kg
  • motor (jet): 1 Allison J33-A-35
  • type motor: sintrifugaal kompressor turbojet
  • driuwkrêft: 23 kN
  • maks. faasje: 970 km/o
  • fleanberik: 2.050 km
  • maks. plafond: 14,600 m
  • bewapening: 2 × 0.50 in (12.7 mm) Browning M3 masinegewearen mei 350 patroanen it stik (foar de AT-33)
  • ophingpunten: 2, foar 2000 lb (907 kg) bommen of rakethâlders (rocket pods)

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Hiltermann, Gijs. Lockheed T-33 (Vliegend in Nederland 3). Eindhoven: Flash Aviation, 1988. ISBN 978-90-71553-04-2.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

T-33 Shooting Star


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nasjonaal Ynstitút Militêre Histoarje
  • Haadkertier CLSK Breda, ôfdieling foarljochting